Waarpraatsje: Oanhâldend ritich

oktober 25, 2020 19:38

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wykein wie hjerstich, mar wis net striemin. Moandei bliuwt it op in soad plakken drûch.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei wikselje bewolking en wat opklearringen inoar ôf en op guon plakken kin in bui falle. De wyn komt út it suden oant súdwesten en is matich, mar by de kust lâns stiet wat mear wyn. It wurdt 8 graden.

Moandei is der bewolking, mar de sinne skynt sa út en troch ek. It bliuwt op de measte plakken drûch. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns krêftich. De temperatuer leit om de 12 graden hinne.

De oare dagen fan dizze wike is it ritich.

Jan Brinksma

oktober 25, 2020 19:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.