Waarpraatsje: Noch net drûch

oktober 29, 2020 18:00 Fernijd

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – In drûge dei is noch wat te folle frege, mar sneon is der kâns op in drûge dei.

Tongersdeitejûn en yn ‘e nacht nei freed ta is de loft berûn en reint it in skoft. De wyn giet fan it suden oant súdwesten nei it súdwesten oant westen en is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit om de 10 graden hinne.

Freed is de loft ek berûn en it kin sa út en troch wat (sto)reine. De súdwestewyn is matich oant frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. It wurdt 14 graden.

Sneon bliuwt it, sa goed as, drûch, mar snein reint it wer. It is op beide dagen wol hiel myld.

Jan Brinksma

oktober 29, 2020 18:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.