Waarpraatsje: Minne tongersdei

oktober 7, 2020 18:00 Fernijd

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie woansdei wis net in strieminne dei, mar it waar foar tongersdei sjocht der wol min út.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei rekket de loft berûn en letter set it op in reinen. De sude- oant súdwestewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich. Yn ‘e rin fan ‘e nacht boazet de wyn oeral oan. De temperatuer leit om de 10 graden hinne.

Tongersdei is de loft berûn en reint it sa út en troch. Letter op ‘e dei is der noch kâns op in pear opklearringen. De wyn komt út it súdwesten en is frij krêftich oant krêftich, by de kust lâns hurd oant stoarmich mei kâns op flinke wynpûsten. Yn ‘e rin fan ‘e middei giet de wyn nei it noardwesten en jout er him wer wat del. It wurdt 15 graden.

Nei tongersdei feroaret der net folle oan it ritige waar.

Jan Brinksma

oktober 7, 2020 18:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.