Waarpraatsje: Kreaze freed

oktober 22, 2020 17:41

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in hiel kreaze tongersdei mei flink wat sinne, mar it wie wol rûzich. It waar foar freed sjocht der ek goed út.

Yn ‘e nacht nei freed ta is it helder en der kin rûnom damp ûntstean. De wyn is swak oant matich en giet stadichoan fan it súdwesten nei it suden. It wurdt 9 graden.

Freed kin it earst noch dampich wêze, mar geandewei sille wy de sinne ek wol sjen. Yn ‘e rin fan ‘e dei is der in tanimmende kâns op in bui. De swakke sudewyn giet yn ‘e middei nei it súdwesten en boazet wat oan. Mei 15 graden is it oan de mylde kant foar de tiid fan it jier.

Yn it wykein is it ek myld, mar snein wurdt it wiete dei.

Jan Brinksma

oktober 22, 2020 17:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.