Waarpraatsje: Freed net min

oktober 1, 2020 17:46

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tongersdei yn Fryslân noch lang drûch mar lang om let waard het dochs wiet. Foar freed sjocht it waar der net al te min út.

Tongersdeitejûn reint it noch sa út en troch, mar yn ‘e nacht nei freed ta binne der flinke opklearringen en op guon plakken kin (wat) damp ûntstean. De wyn komt út it suden oant súdeasten en is swak oant matich. It wurdt 7 graden.

Freed is der hege bewolking, mar de sinne sil grif ek te sjen wêze. It bliuwt, nei alle gedachten, drûch. De wyn giet nei it easten en wurdt matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. De temperatuer leit om de 16 graden hinne.

Yn it wykein is it ritich.

oktober 1, 2020 17:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.