Wa mei út namme fan de Sorben prate?

oktober 1, 2020 13:47

Twatalige buorden yn it Sorbyske gebiet (boarne: Wikipedia / Svolks, CC)

De Sorben yn East-Dútslân binne it der net oer iens wa’t har no echt fertsjintwurdiget. Oan ‘e iene kant stiet de feriening Domowina, dy’t seit de tradisjonele fertsjintwurdiger fan de Sorben te wêzen. Oan ‘e oare kant is der it Serbski Sejm, it Sorbyske parlemint, dat seit dat it as iennichste in mandaat fan de Sorbyske befolking hat. In machtsstriid liket geande te wêzen.

De Sorben binne in folk dat fanâlds yn in grut part fan East-Dútslân wennet. Hja hawwe in eigen taal en libje hjoed de dei allinnich mar mear yn in lyts gebiet tsjin de grins mei Poalen en Tsjechië oan, de Lausitz. Hja prate twa ferskillende dialekten fan it Sorbysk: It Heechsorbysk en it Leechsorbysk. Fierders binne der minsken dy’t harsels as Sorben beskôgje, mar Dútsk ynstee fan Sorbysk as memmetaal hawwe.

Yn 2018 wiene der foar it earst ferkiezings foar it Sorbsyske parlemint. Dat is mei stipe fan de regionale oerheden opset yn neifolging fan it Samyske parlemint yn Skandinavië. Dat fertsjintwurdiget de belangen fan de Samen, in folk yn Laplân. Oars as it Samyske parlemint hat it Sorbyske parlemint lykwols gjin formeel foech. It kin allinnich advizen útbringe.

Elk dy’t himsels as Sorb beskôge, koe yn 2018 in stim útbringe. Op basis fan dy ferkiezings hawwe 24 Sorben in sit krige yn it Sorbyske parlemint. De ferkiezings wiene tsjin it sin fan de feriening Domowina, dêr’t ferskate Sorbyske kulturele organisaasjes by oansletten binne. De Domowina wie by ûnderhannelings oer Sorbyske saken earder altyd de fertsjintwurdiger fan it Sorbyske belang.

De Domowina wol it Sorbyske parlemint as lid hawwe, mar dat wol it parlemint perfoarst net. Dat seit dat de Domowina in private organisaasje is, dy’t net-demokratysk is en dy’t leden wegerje kin. Ynstee fan diel dêrfan te wêzen soe it Sorbyske parlemint de Domowina just kontrolearje moatte, sa is it betinken fan de parlemintsleden.

It wurdt der net makliker op om gear te wurkjen trochdat de twa organisaasjes oer ferskate saken tige ferskillend tinke. It Sorbyske parlemint is der bygelyks folle fûler op dat de brúnkoalwinning yn de Lausitz ophâlde moat. Om brúnkoal út de grûn te heljen binne al ferskate Sorbyske doarpen sloopt. Fierders is it Sorbyske parlemint folle kritysker op it ferbieden fan Sorbyske feesten as de Domowina. Oerheden hawwe de ôfrûne jierren ferskate kearen Sorbyske feesten ferbean, mei ûnder oaren brângefaar, it foarkommen fan bisteleed en it risiko fan koroanabesmetting as reden.

oktober 1, 2020 13:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.