Utslach simmerwedstriid Kiek-es!

oktober 2, 2020 15:14

De earste priis fan de simmeredysje fan fotowedstriid Kiek-es!, yn it ramt fan it 90-jierrich jubileum fan It Fryske Gea is ‘ferovere’ troch de ‘Beamotter op Rôftocht’ fan Hielkje Koen. Har ynstjoering krige hast 45% fan alle stimmen fan it publyk! Koen kriget in tegoedbon fan € 600,- foar in fakânsjehûs fan ‘Buitenleven Vakanties’. ‘Kij yn ’e mist’ fan Taede Smedes waard twadde en ‘Efkes lekker útskodzje…’ tredde.

De faksjuery selektearre út sawat fjouwerhûndert ynstjoeringen de bêste tsien foto’s. De sjuery hie bewûndering foar de hege kwaliteit: skerpe foto’s en prachtige details.

It lêste seizoen fan ‘Kies-es!’, de hjerst, is al begûn. Oant en mei 6 desimber kin elkenien sels in ynstjoering op www.itfryskegea.nl/kiek-es sette. Op 11 desimber makket de sjuery de top 10 bekend. It publyk kin dan stimme. Foar de krystdagen wurde de winners bekendmakke.

Earste priis Hielkje Koen: Beamotter op Rôftocht

 

Twadde priis Taede Smedes: Kij yn ’e mist

Tredde priis Willem de Boer: Efkes lekker útskodzje

oktober 2, 2020 15:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.