Undersyk nei Fryske lêsfeardigens gadingmakker Klokhuispriis
Resint ferskynd
Fryske bern meitsje as se Frysk lêze gebrûk fan kennis dy’t se by it lêzen fan it Nederlânsk opdien hawwe. Wurden dy’t yn beide talen opinoar lykje, lykas hand-hân, wurde dêrtroch flugger lêzen as bygelyks beppe, dat yn it Nederlânsk net foarkomt. Oarsom spilet it net: as bern Nederlânsk lêze, hat kennis fan it Frysk gjin ynfloed op de faasje dêr’t se wurden mei ynterpretearje.
Dat hat Evelyn Bosma fan de Fryske Akademy ûntdutsen. Hja makket foar dy ûntdekking kâns op ‘e wittenskipspriis fan it bernetelefyzjeprogramma Klokhuis. Dat hat út sechtich nominaasjes tsien ûndersiken útkeazen dy’t yn ‘e beneaming komme foar de priis. It giet om ûndersiken dy’t te krijen hawwe mei bern fan njoggen oant tolve jier. Op 15 novimber wurdt it winnende ûndersyk buorkundich makke. Oer dat winnende ûndersyk wurdt in telefyzjeprogramma makke.
Evelyn Bosma is yn 2017 oan de Universiteit fan Amsterdam promovearre op in proefskrift oer har ûndersyk. It krige doe omtinken op It Nijs, om’t der ek út bliken die dat de foardielen dy’t yn allegear ûndersiken taskreaun wurde oan meartaligens, by Fryske bern tige beheind binne. Jonge twatalige Fryske bern hawwe wol baat by harren meartaligens, mar dat foardiel ferdwynt as hja in jier of seis âld binne. Klik hjir om it stik dêroer te lêzen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje