Twitter skerpet belied tsjin sabeare nijs presidintsferkiezings oan

oktober 11, 2020 08:54 Fernijd

Twitter sil de fersprieding fan sabeare nijs oer de Amerikaanske presidintsferkiezings hurder oanpakke. It wurdt brûkers tydlik lestiger makke om berjochten mei sabeare nijs firaal gean te litten.

Fan 20 oktober ôf sil in grut tal feroaringen trochfierd wurde, seit it bedriuw. De earste feroaring is dat brûkers net samar berjochten fan oaren oer de ferkiezingen retweete kinne. In brûker sil oantrune wurde om der in eigen opmerking of kontekst oan ta te heakjen foar’t it berjocht dield wurde kin.

Twitter skeakelet dêrnjonken it systeem út dat berjochten foarstelt op basis fan de ynteresse fan de brûkers en de aktiviteit fan akkounts dy’t se folgje. Yn ’e tiidlinen fan brûkers komme inkeld berjochten fan akkounts dy’t se echt folgje.

En as minsken ynformaasje besykje te fersprieden dy’t Twitter as net-wier markearre hat, dan krije se in warskôging dat se op it punt steane om net-juste ynformaasje te dielen. Der komme ek ekstra warskôgingen en beheiningen by misliedende tweets fan politisy en kampanjetiims, en by Amerikaanske akkounts dy’t mear as hûnderttûzen folgers hawwe.

It Amerikaanske bedriuw skerpe earder it belied al oan tsjin berjochten dy’t ornearre binne om it betrouwen yn de Amerikaanske ferkiezingen te ûndermynjen. Falske kleems oer in ferkiezingswinner wurde lebele. Oproppen om ferkiezingsresultaten te beynfloedzjen en it oantrúnjen ta geweld wurde ferwidere. Tûzenen tweets binne de ôfrûne tiid foarsjoen fan in warskôgingsetiket, ek berjochten fan presidint Trump. Dat barde bygelyks by syn opmerking dat it stimmen oer de post ta fraude laat, sûnder dat er dêr arguminten foar oanfierde.

oktober 11, 2020 08:54 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.