Tuorrebouttylt biedt kânsen foar feangreidegebieten

oktober 7, 2020 08:31

Op ferskate plakken yn Nederlân wurde proeven dien mei it ferbouwen fan tuorrebouten. De plant kin op wiete plakken groeie, lykas yn feangreidegebieten. It soe in alternatyf fertsjinmodel wêze kinne foar boeren om yn stee fan molke te produsearjen tuorrebouten te ferbouwen.

Foto: pixabay.com

Boaiemdelgong feangebieten
Der is op it stuit gâns omtinken foar boaiemdelgong fan de feangebieten yn Nederlân. Troch it oksidearjen fan fean komt CO2 frij en sakket de boaiem. Provinsjes, wetterskippen en it Ryk wolle dat tsjingean en hawwe ôfspraken makke oer it wiet meitsjen fan it fean. De fraach is oft der yn dy gebieten njonken de produksje fan molke ek oare fertsjinmodellen mooglik binne. De tuorrebout dijt tige goed op (tige) wiete plakken. De dodde kin brûkt wurde as isolaasjemateriaal en as fretten foar kij.

Op ferskate plakken yn Nederlân wurdt al jierren ûndersyk dien nei it perspektyf fan wiete tylten, ûnder mear yn it Veenweiden Innovatie Centrum (VIC) en It Bûtenfjild (Better Wetter).

Sjoch op fmf.frl foar mear ynformaasje.

oktober 7, 2020 08:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.