Tsientallen keunstobjekten yn Berlyn mei oalje bespuite

oktober 22, 2020 08:50 Fernijd

Yn ferskate musea yn Berlyn binne begjin oktober yn alle gefal santich foarwerpen fernield. It giet neffens de Dútske publike radiostjoerder Deutschlandfunk en de krante Die Zeit om ien fan de grutste oanfallen op keunstfoarwerpen en âldheden yn ’e skiednis fan it nei-oarlochske Dútslân.

Foto: pixabay.com

De oanfal wie op 3 oktober op it Museuminsel dêr’t bekende Dútske musea binne, lykas de Alte Nationalgalerie, it Pergamonmuseum en it Humboldt Forum, dat yn oanbou is. Op syn minst santich objekten binne bespuite mei in oalje-eftige floeistof, dy’t sichtbere plakken efterliet op Egyptyske sarkofagen, skulptueren en skilderijen út de njoggentjinde iuw. Om hokker keunstwurken it krekt giet, is net bekend, ek net oft se noch te restaurearjen binne.

De plysje hat ûnderwilens kontakt socht mei besikers dy’t op 3 oktober yn de musea wiene. Hja krigen fia e-mail de fraach oft se wat fertochts sjoen hiene. Nei it motyf fan de died wurdt noch socht.

oktober 22, 2020 08:50 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.