Tredde module natuerynrjochting Alddjip oerdroegen

oktober 2, 2020 09:11

Sa’n 39 bunder grûn by de beek Alddjip lâns is ynrjochte foar Natuernetwurk Nederlân. Op tongersdei 1 oktober droegen deputearre Douwe Hoogland en Tineke Jagersma (foarsitter gebietskommisje Koningsdiep) de ynrjochting oer oan de eigeners fan de perselen: trije partikulieren en Steatsboskbehear.

It gebiet leit noardlik fan de Himrik, oan de westkant fan de Poasen. Maatregels lykas it minder djip meitsjen of dimpen fan sleatten en it ynrjochtsjen fan keardammen soarget derfoar dat der mear wetter fêstholden wurdt yn it gebiet. Fuort by de beek lâns stimulearret dat de groei fan wiet healân mei djerreblommen. Wat fierder fan de beek ôf bliuwt de grûn drûger, sadat krûderyk gerslân en heideskraal gerslân him dêr ûntwikkelje kin.

foto Provinsje Fryslân

By it boskje ’t Kopje is de boskrâne in stikje tebekset en dêrnei oanfolle mei strûken dêr’t beien oan komme. Deputearre Hoogland: “Mei it oanpakken fan de boskrâne by ’t Kopje wurdt de oergong tusken bosk en iepen fjild in stik natuerliker. Dêrmei jouwe wy romte foar mear bioferskaat. Amfibyen, fûgels en ynsekten lykas flinters en libellen fine dat in noflik plak.” Yn ‘e buert fan Heidehuzen is in steile wâlkant by de beek lâns makke dêr’t de iisfûgel neskje kin.

Gebietsynrjochting
Dizze ynrjochting is de tredde projektmodule fan gebietsynrjochting Alddjip. Dêr wurket de provinsje Fryslân yn gear mei de gebietskommisje, Wetterskip Fryslân, gemeente Opsterlân, lânbou- en natuerorganisaasjes, grûneigeners en bewenners. Foarsitter gebietskommisje Tineke Jagersma: “Yn gearwurking mei alle partijen wurkje wy oan it ophelpen fan de beekdelling fan it Alddjip en de ynrjochting fan it Natuernetwurk Nederlân. Dy gearwurking is wichtich en hâlde wy goed fêst no’t wy dwaande binne mei de tarieding fan de folgjende fazen fan it projekt. Bygelyks de oanpak fan it boarnegebiet fan it Alddjip by Bakkefean.” De gebietskommisje bestiet út fertsjintwurdigers fan natuer, lânbou, wetter en rekreaasje út it gebiet.

oktober 2, 2020 09:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.