Torra sprekt Katalaansk parlemint noch in kear ta
Resint ferskynd

Joaquim Torra i Pia.
Foto: Wikipedia / Josep Renalias (CC).
Hoewol’t er net langer presidint is en gjin offisjele funksjes mear ferfolje mei, hat Joaquim Torra woansdei dochs it Katalaanske parlemint tasprutsen. Hy die dat op útnûging fan de regearingskoälysje. De leden fan ‘e sosjaal-demokratyske PSC-PSOE wiene út protest tsjin Torra syn oanwêzigens net by de taspraak. De partij is yntern tige ferdield oer de winsklikens fan in ûnôfhinklik Kataloanië.
Torra spriek him fûl út tsjin syn wêrzjen. Hy sei dat it ûntinkber wie dat in politikus yn in oar Europeesk lân troch rjochters dien krije soe foar it ophingjen fan in flagge. Torra sei fierders dat it parlemint nei de ferkiezings de wil fan it folk útfiere moast troch te kiezen foar de Spaanske monargy of foar in ûnôfhinklike republyk Kataloanië.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje