Topstikken Museum Belvédère nei Denemarken

oktober 16, 2020 08:56

Hoewol’t yn ’e koroanatiid it tal reisbewegingen hieltyd fierder beheind wurdt, hat it wurk fan in stikmannich noardlike keunstners it paad nei it bûtenlân fûn. Museum Belvédère levere tsientallen brûklienen oan de eksposysje Calm before the storm – Art from the Wadden Sea yn it Ribe Keunstmuseum yn Ribe, Denemarken.

‘Waaddyk mei skiep, It Amelân’ fan Jan Wiegers (boarne: Museum Belvédère)

It kontakt tusken de beide musea bestiet sûnt de tariedingstiid fan de eksposysje Wind, Water, Wad dy’t yn 2015 yn Museum Belvédère. Direkteur-konservator Han Steenbruggen selektearre dêr wurken foar fan keunstners dy’t ynspiraasje fûnen yn en by it Waadgebiet. No makket it Ribe Keunstmuseum in eksposysje oer datselde tema, yn it jier dat it Deenske part fan de Waadsee syn tsienjierrich jubileum as nasjonaal park fiert. De tritich topstikken dy’t út de kolleksje fan Museum Belvédère oanfrege binne, hawwe allegear it noardlik lânskip as ûnderwerp. Der binne ferskate wurken oanfrege fan Willem van Althuis, Jan Altink, Gerrit Brenner, Anke Roder, Jan Snijder en Sjoerd de Vries. By de seleksje sitte ek skilderijen fan Job Hansen, Kanelli & Smit, Christiaan Kuitwaard, Krin Rinsema, Henk de Vries, Jan Wiegers en Jan van der Zee.

Han Steenbruggen is optein oer de belangstelling út it bûtenlân. “It hat altyd ús ambysje west om de kwaliteit fan ‘ús’ keunstners breed ûnder it omtinken te bringen. Dizze grutte brûklienoanfraach is net allinnich in opstekker foar it noardlik keunstklimaat, it toant ek oan dat keunst sawol letterlik as figuerlik grinsleas is.”

De eksposysje Calm before the storm – Art from the Wadden Sea is noch te sjen oant en mei 10 jannewaris 2021 yn it Ribe Keunstmuseum yn Ribe, Denemarken.

oktober 16, 2020 08:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.