Tongersdeitemoarn Europeeske harksitting oer minderheidstalen

oktober 14, 2020 23:46

Moat der yn ‘e Europeeske Uny folle mear dien wurde foar lytse talen lykas it Frysk? In groep fan 1,1 miljoen Europeanen wie fan betinken fan wol en hat dêrom in pear jier ferlyn in petysje opsteld foar it Europeesk Parlemint, mei it fersyk om dêr in gearkomste oer te organisearjen. Sjoen it grutte tal hantekenings is it Europeesk Parlemint no ferplichte om dat fersyk te skewielen.

Foto: pixabay.com

As tarieding dêrop is der tongersdei 15 oktober fan 9.00 oant 13.00 in harksitting. De opstellers fan de petysje ljochtsje dêr harren winsken yn ta. Hja sille der ûnder oaren foar pleitsje dat der wer in spesjale Europeeske subsydzjepot komt foar projekten dy’t mei lytse talen út te stean hawwe. Fierders wolle hja dat de Europeeske Uny ûndersyk stimulearret nei de ekonomyske mearwearde fan de eigen taal fan in streek en dat der in Europeesk ynstitút komt dat tafersjoch hâldt op it fuortbestean fan it taalferskaat.

De harksitting is iepenbier, mar om ‘e koroana kin publyk der net fysyk by wêze. Yn stee dêrfan is de folsleine sitting online te folgjen op multimedia.europarl.europa.eu/en/webstreaming.

De wurklist is hjir te finen: www.europarl.europa.eu/cmsdata/212116/programme-hearing-eci.pdf.

oktober 14, 2020 23:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.