Tiid foar in nije befolkingspolityk

oktober 23, 2020 12:37

Skôging troch Pier Bergsma

‘Een beter milieu begint niet bij onszelf.’ Ik kin beslute om net mear te fleanen of myn bosk woartels sûnder plestik pûde mei nei hûs te nimmen. Soks sjit net op. Wat dan wol?

Wy hawwe de film A life on our planet fan David Attenborough net nedich om te witten hoe’t de saken der by steane: beroerd en it wurdt noch slimmer. Der wurdt fan alles betocht om ús ierde leefber te hâlden.

Betsy Ydema út Heech is grif de iennige net dy’t yn noed sit oer kearnôffal (LC 30-9). Fan de oare kant sil ik net de iennige wêze dy’t sa stadichoan genôch kriget fan al dy lju dy’t skriuwe tsjin wynmûnen (dy bedjerre it útsjoch), sinnepanielen (bedjerre it lânskip), biogas-ynstallaasjes (dy stjonke), it gas (want dan sakje wy troch de grûn), stienkoal (gefaarlike minen, CO2.), de houtkachel fan de buorlju (wy rikje hjir wei). Om fan kearnenerzjy mar net te praten, want dêrmei helje we de duvel yn ’e hûs.

Mei praten oer kearnenerzjy helje we de duvel yn ‘e hûs.

Der is op koarte termyn net in goede oplossing. It sil in miks wurde moatte, wylst kearnenerzjy foar in part de oplossing wêze kinnen hie. Dêr is it no te let foar, want dy sintrales steane der oaremoarn net.

Yn de diskusjes mist ien trochslachjaande faktor. It giet om it folgjende. Op 25 jannewaris 1977 waard oan de minister van Volksgezondheid en Milieuhygiëne in rapport presintearre, mei as namme Bevolking en welzijn in Nederland. De ‘Staatscommissie’ hie der fan 1972 ôf mei te set west. De publyksferzje fan it rapport haw ik foar my lizzen. It boek waard yn 1979 útjûn ûnder de titel Minder mensen, meer welzijn? De kommisje kaam mei in tal tige nijsgjirrige oanbefellingen. In pear haadsaken: “Wij bevelen de regering aan te streven naar een nagenoeg stationaire bevolking (…) dat immigratie op het tijdpad der demografische ontwikkeling op zowel de korte als de middellange termijn geen noemenswaardige invloed uitoefent (…) en om in internationaal verband een duidelijk standpunt in te nemen waarbij wordt uitgegaan van de noodzaak tot spoedige beheersing van de bevolkingsgroei in de wereld” (siden 254, 255). Mei oare wurden: wy hawwe hjir en yn de wrâld minsken genôch.

Ik freegje my ôf wat der de ôfrûne fyftich jier dien is mei it rapport. Neat dus. Wy hiene yn it jier foardat it boek útkaam 13,8 miljoen ynwenners. No libje wy mei 17,2 miljoen minsken yn in grôtfol lân op grôtfolle wegen mei fierstente min wenromte. It wurdt dêrom heech tiid dat ús regear yngrypt en mei in nije befolkingspolityk komt.

Dy ‘kinderbijslag’ foar it earste bern kin bliuwe. Foar it twadde bern kin it ôfskaft wurde. En fan it tredde bern ôf moat der in oprinnende miljeubelesting komme. Fansels ropt soks ferset op, de fabrikanten fan ruften sille net de iennigen wêze dy’t dat net in goed idee fine. Derneist is in uterst restriktyf ymmigraasjebelied needsaaklik. Flechtlingen, dat binne oaren as ymmigranten, bliuwe wolkom, mar in beheind tal. Yn ynternasjonaal ferbân moatte de Feriene Naasjes sa fier krigen wurde om krêftich en wrâldwiid de oerbefolking tsjin te gean. Oars wurde al dy minsken in ramp foar de wrâld. Dat binne se no al.

Dizze skôging stie yn de Leeuwarder Courant fan 22 oktober 2020

 

oktober 23, 2020 12:37
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Frans oktober 28, 14:19

    Pier skriuwt yn syn stik: … It wurdt dêrom heech tiid dat ús regear yngrypt en mei in nije befolkingspolityk komt. …

    It is no al sa dat in gemiddeld Nederlânske húshâlding út twa of trije bern bestiet. In grut tal ymmigranten-húshâldings hawwe/krije/nimme mear bern dan trochsneed de Nederlânske húshâldingen. Stiet harren leauwen it faaks net ta om minder bern te krijen, lykas myn âlders doetiids de opdracht – op grûn fan it leauwen, mei tsjerken as kontroleurs – om sa folle as mooglik bern komme te litten. Ik bin ien fan tolve. ‘Gaat heen en vermenigvuldig u’. It tal ymmigranten, mei in oar leauwen as it trochsneed kristlike leauwen of in humanistyske beskôging fan it libben, is gâns tanommen yn gruttere stêden, oeral oer de wrâld, dus ek yn Nederlân en Fryslân. Ik hear wolris sizzen: “De strjitten ferkleurje aloan mear en sluiere froulju skarrelje troch de strjitten”. Neat mis mei, want dit is it belied. Feit is dat blanke húshâldingen aloan minder bern krije, ensafierder. Myn fraach oan Pieter is: “Wêr wol Pieter op oan?”

  2. Frans oktober 28, 14:22

    Ik bedoel Pier te sizzen, wêr’t ik Pieter skriuw.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.