Thom Feddema beëdige as nij kommisjelid FNP

oktober 22, 2020 08:43

Thom Feddema is troch kommissaris fan de Kening Brok beëdige as kommisjelid foar de FNP. As kommisjelid mei Feddema meidwaan oan it debat yn de Steatekommisjes. Ut namme fan de fraksje kin er ek lid wêze fan Steatewurkgroepen en it wurd dwaan op de Steatemerk.

FNP’er Thom Feddema is 56 jier ald en komt út Raard. Feddema wurket by it ministearje fan Feiligens en Justysje en is mozaykkoördinator en behearregisseur foar Agrarysk Kollektyf Waadrâne. Dêrnjonken hat Feddema jierren foarsitter west fan de FNP yn Dongeradiel en fan Doarpsbelang Raard en Boarnwert.

Trochdat it eardere kommisjelid Rein van der Wal Steatelid waard neidat Corlienke de Jong út de polityk gie, ûntstie yn de FNP-fraksje de fakatuere foar in nij kommisjelid. Alle fraksjes kinne de earstfolgjende op harren kandidatelist as kommisjelid oanwize.

oktober 22, 2020 08:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.