Susterkrapte wankt yn Dútslân

oktober 9, 2020 11:23

Wylst de parse om utens bewûnderjend skriuwt hoe goed oft Dútslân it docht op it stik fan ‘e koroanabestriding, hawwe saakkundigen yn dat lân noed oer de mooglikheden om pasjinten te behanneljen. Sikehûsbêden binne it probleem net, de Nederlânske ministerske fan folkssûnens Tamara van Ark koe fan ‘t wike mei sang en klang 44 bêden yn in sikehûs yn Münster reservearje foar Nederlânske pasjinten.

Dútske sikehûzen eangje lykwols dat de mooglikheid om al dy pasjinten te fersoargjen yn ‘e knipe komt. Ulrich Frei, haad fan ‘e ferpleging yn it Charité-sikehûs yn Berlyn, seit: “Der binne genôch bêden, der is genôch apparatuer, mar der is net genôch ferplegend personiel.” De krapte hat ferskate oarsaken: ien is dat in part fan ‘e ferpleging sels thús sit mei koroana of mei klachten dy’t op koroana wize. In oare oarsaak is dat it sikehûs noch allegear operaasjes en behannelings oan it útfieren is dy’t earder yn it jier omreden fan ‘e koroanagoarre net trochgien binne.

Jürgen Graf, haad fan it universiteitssikehûs yn Frankfurt, seit dat Dútsers minder foarsichtich wurde en dat dêrtroch mear minsken koroana skypje. Hy wiist nei Frankryk, dêr’t te sjen is dat soks der samar ta liede kin dat it yn ‘e sikehûzen in stik drokker wurdt. Syn waarnimming wurdt dield troch de Berlynske boargemaster Michael Müller, dy’t seit dat der yn syn stêd wer hieltyd mear grutte feesten binne, dêr’t minsken de sykte oaninoar trochjouwe.

oktober 9, 2020 11:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.