“Sûnder koroanamaatregels soenen twa miljoen Nederlanners yn sikehûs bedarje”

oktober 9, 2020 13:03

Foto: GGD

As Nederlân it libben wer oppakke soe lykas yn febrewaris it gefal wie, dan soene twa miljoen Nederlanners yn it sikehûs opnommen wurde moatte. Dat seit Alex Friedrich, firolooch yn it Grinzer sikehûs UMCG. Neffens Friedriech soene 510 tûzen minsken ferlet hawwe fan yntinsive soarch en soene 170 tûzen minsken ferstjerre.

Friedrich sei dat woansdei op in lêzing foar de Commercieele Club Groningen. Syn foardracht wie in pleit tsjin in belied dat rjochte is op groepsymmuniteit. Neffens Friedrich moat de fersprieding fan it firus troch allegear maatregels remme wurde salang’t der net in faksin is, mei as doel om derfoar te soargjen dat alle pasjinten in plak yn it sikehûs krije kinne.

oktober 9, 2020 13:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.