Studinten yn noed oer situaasje Fryske Akademy
Resint ferskynd
- Foarsitter Domowina hat syn nocht fan ‘geveltsje-sorbysk’ en ropt op: “Praat de taal” 0
- Amper omtinken foar Frysk yn partijprograms 0
- Mei Ljouwert neffens it Ramtferdrach wol in oerrinplak fan de Rânestêd wurde? 0
- Berneboeken Dr. Seuss út de hannel nommen: lêste eksimplaren binne rôversguod 2
- Hoe hjit de dei dat alles wer normaal is? 2
Twa studinten fan de Ryksuniversiteit Grins, te witten Sierd Wiebe Prins en Boukje Emma Smith, beide mei in Fryske eftergrûn en beide studint fan de bachelor Minorities & Multilingualism | Frysk, hawwe har yn in brief rjochte ta de provinsje Fryslân en de Fryske Akademy, omdat se yn noed sitte oer de tsjintwurdige situaasje op de Fryske Akademy. De ûnrêst op bestjoerlik mêd is ta skea fan harren universitêre stúdzje.
De briefskriuwers binne derfan oertsjûge dat it fan wêzentlik belang is dat de Akademy wer oanstjoerd wurdt troch in direkteur mei in dúdlike fyzje op de rol dy’t de Akademy spylje moat yn de Fryske wittenskip en de Fryske mienskip.
De brief is hjir yn te sjen: Brief oangeande Fryske Akademy.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje