Stoeterij Het Swarte Paert

oktober 25, 2020 16:09

Toeristyske tip

Foto © Matthijs Verkuijl

Yn De Himrik, yn de Fryske Wâlden, leit in prachtige hynstehâlderij. Dy waard yn 1999 iepene troch Loek Hermans, doedestiids kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân.

Alle fasetten fan It Fryske hynder binne dêr te sjen: de dressuer, fokkerij en fansels in soad ynformaasje oer de oarsprong fan it hynder, de kultuer deromhinne en de hynstesport.

It Fryske hynder is it iennichste ynlânske ras dat Nederlân ryk is. It is fansels geweldich om de bou te sjen, syn swarte kleur, de sokken en de moanjes.

By de rûnlieding wurdt in soad ferteld oer it hynder en it bedriuw en kin de stâlen besjoen wurde. Nijsgjirrich is it part mei de aquatraining dêr’t it hynder wer better yn wurde kin fan ferwûningen. Benammen hynders fan de draafsport hawwe yn ’e rin fan it seizoen lêst fan bygelyks de ankels en oare knieren of fan de hûd.

Bysûnder is fansels it museum, dêr’t de histoarje yn te belibjen is mei foto’s mar ek mei seazen, karkes foar op it iis, alderhande tugaazje en de spesjale klaaiïng fan de boer en de boerinne.

Foto © Matthijs Verkuijl

Ferneamd binne it Fryske fjouwerreau en de demonstraasjes dêrmei. De jierlikse hynstekeuringen en oare gearkomsten dêr’t geniete wurde kin fan dat prachtige hynder. Tink allinnich al oan it gedicht it Faderpaard fan Tsjêbbe Hettinga (https://www.dbnl.org/tekst/oppe003zola01_01/oppe003zola01_01.pdf, side 188.

Yn de koroanatiid jout it museaum in moaie ferantwurde rûnlieding mei net te folle minsken tagelyk.

Matthijs Verkuijl

oktober 25, 2020 16:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.