Startskot temajier Oade oan it Lânskip 2021

oktober 10, 2020 08:51

NBTC Holland, Merk Fryslân en seis oare partners joegen freed it startskot foar it temajier Oade oan it Lânskip 2021. Dêr wurdt mei oansletten by it lanlik temajier fan it NBTC. Fryslân, Flevolân, de Achterhoeke, de Hollânske Wetterlinys, Limburch, de Nasjonale Parken en Noard-Hollân wurkje foar dit temajier gear mei as doel it generearjen fan mear kennis, omtinken en wurdearring foar it Nederlânske lanskip.

Fochtelerfean (foto: Marcel van Kammen)

It startskot wie yn it Limburgs Museum yn Venlo by de iepening fan de útstalling Machtige Maas, Muze Monster Moeder en Moordenaar. Merk Fryslân fiert Oade oan it Lânskip tagelyk troch yn alle kampanjes, soks yn gearwurking mei de regiomarketingorganisaasjes, ûndernimmers, kulturele organisaasjes, natuerorganisaasjes en bewenners.

Sense of Place (foto: André van der Meulen)

Fryslân bringt Oade oan Lânskip
Mei it temajier steane it Nederlânske en tagelyk it Fryske lânskip sintraal yn al harren fasetten. De histoaryske ferhalen, mar ek de hjoeddeiske ynfloed fan de minske op de natuer, de skjintme fan it lânskip en tagelyk de kwetsberens derfan. Foar Merk Fryslân wie de gearwurking mei it NBTC in logyske kar. “Nearne oars fynt men safolle ferskillende lânskippen de fjouwerkante kilometer as yn Fryslân. Dêrnjonken slút it ûnderwerp naadleas oan by ús fokus op kwaliteitstoerisme”, seit Martin Cnossen, direkteur Merk Fryslân.

Merk Fryslân wol de besikers oan ’e hân fan fiif unike lânskippen sjen litte hoe bysûnder oft it Fryske lânskip is en hoe’t men dat belibje kin. Dy lânskippen binne Wetterlânskip – Freon & Fijân, Waadlânskip – Eb & Oerfloed, Nachtlânskip – Tsjusterte en Ferljochting, Kultuerhistoarysk lânskip – Arbeid en Adel en Duorsum lânskip – No & Skielk.

Sa is it Waadlânskip in iepenloftmuseum fol nasjonale en ynternasjonale keunst en tagelyk it dekôr fan in operaspektakel op it Waad en kin de besiker yn in ferrassend wetterlânskip de Alve Stêden opnij ûntdekke mei de nije 11Fountains-rûte. Sels nachts falt der fan alles te belibjen. Yn ús Dark Sky Parken is it tsjusterder as wêr dan ek yn Nederlân. Dêrtroch kin men de dize fan it Molkenpaad sjen en hiel soms it Noarderljocht.

Oprop oan ûndernimmers en organisaasjes
Merk Fryslân en de regiomarketingorganisaasjes roppe ûndernimmers, kulturele organisaasjes en natuerorganisaasjes op om mei te dwaan oan Oade oan it Fryske Lânskip. Organisaasjes dogge mei troch oanbod te kreëarjen dat by dit tema past. De fiif lânskippen binne de paadwizer foar it oanbod. Hoe mear oanbod, hoe oantrekliker it foar de kwaliteitstoerist wurdt om in besite oan Fryslân te bringen. Organisaasjes liftsje mei op de kampanjeynspanningen fan Visit Fryslân en Visit Waad, dy’t benammen op de Nederlânske, Dútske en Flaamske merk rjochte binne. De koördinaasje foar de regio-oerstiigjende aktiviteiten wurdt dien by Merk Fryslân en it regionale oanbod fia de regiomarketingorganisaasjes Stichting Bestemming Noardwest, Stichting Regiomarketing Toerisme Noardeast, Stichting Toerisme Regiomarketing Súdeast-Fryslân en VVV Wetterlân fan Fryslân.

www.friesland.nl/ode
www.holland.com/odeaanhetlandschap

oktober 10, 2020 08:51
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Abe oktober 10, 20:36

    ,,Merk Fryslân en de regiomarketingorganisaasjes roppe ûndernimmers, kulturele organisaasjes en natuerorganisaasjes op om mei te dwaan oan Oade oan it Fryske Lânskip. Organisaasjes dogge mei troch oanbod te kreëarjen dat by dit tema past.”

    Dat is dus hielendal gjin goed idee. Ja, foar wa’t de sinten belangriker binne as it lânskip miskien wol. Mar hjir yn Fryslân binne ,,kulturele organisaasjes” al sûnt Giftige Simmer (2009) dwaande om te protestearjen tsjin it fernielen fan it lânskip en om de minsken dúdlik te meitsjen dat soarch foar it lânskip wat oars is as soarch foar de toeristen fan Merk Fryslân of hoe’t dy klups ek mar hjitte.

    Dus graach gjin run op ûnderstelde ,,Dark Sky” parken – de koplampen fan autobussen skine einen yn ‘e nacht. Tip: keppelje in kaartsje (,,ticket”) foar in besite oan in skyparkkabine op Swarte Haan oan it ferhierbewiis fan in fyts plus it sjen litten fan de hierde fyts op Swarte Haan.

    Ris sjen hoefolle der dan op ôfkomme.

  2. Abe oktober 11, 08:25

    Neibaarner: de jongste ‘Oade oan it Lânskip’ bringe B & W fan Súdwest-Fryslân, dy’t op ‘e nij mei de provinsje prate wolle oer de oanlis fan in nije dyk tusken Snits en Ljouwert. In earste besykjen dêrta is yn 2017 ôfsketten, mar sa’n Oade lit him fansels net samar út it fjild slaan. Deputearre A. Fokkens – fan de Merk Fryslân partij – wol graach in oriïntearjend petear.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.