Stân fan saken rjochtsaak tsjin Waadhoeke

oktober 8, 2020 12:03

Ynstjoerd

Boarne: Wikimedia Commons – Chris Potter – CC BY-SA 2.0

Lykas bekend fier ik (mei help fan de Fryske Topografyske Wurkgroep) in rjochtsaak tsjin de gemeente Waadhoeke, omdat dy fúzjegemeente wegeret om yn it eardere Frjentsjerteradiel Frysktalige plaknammen offisjeel yn te fieren. Op 14 july 2020 behannele de bestjoersrjochter dizze saak. Binnen 6 wiken soe de útspraak dien wurde. Dy perioade is no al lang en breed foarby en der wurdt my geregeld frege hoe’t it dermei stiet. Dêrom dit berjocht.

Op 21 july makke de rjochtbank  bekend dat de saak opnij iepene wie, omdat in bepaald dokumint fan de gemeente ûntbruts. Waadhoeke krige fjouwer wike de tiid om dat te leverjen. De gemeente koe dat net, mar hat wol in juridysk ferwarskrift nei de rjochter stjoerd.

Op 2 oktober krige ik opnij in brief fan de rjochter mei de meidieling dat de rjochtbank fan oardiel is dat dy genôch ynformaasje hat om in útspraak te dwaan en achtet it dêrom net nedich noch in sitting te hâlden. Der komt allinnich in nije sitting as ien fan beide partijen dat nedich achtet. Dat moat binnen fjouwer wike kenber makke wurde, dus foar ein oktober.

Oft wy dêr gebrûk fan meitsje wolle, tinke wy op it stuit oer nei. Yn  alle gefal skoot  de útspraak dêr minimaal fjouwer wike mei op, mar it kin dus ek langer duorje. Wy hâlde jimme op de hichte.

Jehannes Elzinga,
Frjentsjer

oktober 8, 2020 12:03
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. wim oktober 8, 15:38

    As ik it goed begrepen ha moatte gemeenten binnen twa jier nei in fúzje harren regels harmonisearjen, en fanwegen europese regels moat der keazen wurde foar de minderheidstaal. Is it dan net sa dat de doarpen yn de gemeente Ljouwert Frysk wêze moatte of sjoch ik wat oer de holle?

  2. Cor Jousma foar de Topografyske Wurkgroep Fryslân oktober 8, 16:09

    Soks jildt allinne mar as by dy fúzje ien of mear fusearjende gemeenten al in riedsbeslút hat/hawwe dat de plaknammen foar de Basisregistraasje Adressen en Gebouwen (BAG) offisjeel Frysktalich fêststelt.

    Dat soe by mear weryndielings jilde kinne.

  3. Jehannes Elzinga oktober 14, 15:49

    Wim, op himsels sjochst it goed. Mar it giet net fansels, Ik wit net hoe’t dit krekt yn Ljouwert gien is, want bygelyks Boarnsterhim hie al offisjeel Fryske plaknammen en Littenseradiel (no foar in part Ljouwert) ek. Mar it moat wol ôftwongen wurde, leafst yn oerlis mei de fúzjegemeente en oars evt. fia in rjochtsaak, lykas wêr’t wy no yn Waadhoeke mei dwaande binne. As it my heucht, hat der wol aksje west foar Ljouwert as offisjele namme, mar de gemeenteried hat dat ôfwiisd.
    De perioade fan 2 jier is dêr tink al ôfrûn, dus is it no te let. Mar hoe sit dat ek al wer mei Ljouwerteradiel, dat ek anneksearre is troch Ljouwert?

  4. wim oktober 14, 20:26

    Dy twa jier lyket my de plicht fan de fuzjegemeente, dat se noch net oergong binne ta harmonizaasje slut net út dat se dan noch wol dwaan matte. Alteast dat lyket my sa. At de rjochter seit dat de Waadhoeke oergean mat nei de fryske/lokale nammen, kin Ljouwert hast net oars, wannear’t ien der om freeget. Mar earst de Waadhoeke mar oawachtsje.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.