Skriezen bedrige troch oanlis fleanfjild Lissabon

oktober 8, 2020 10:40

Ynstjoerd

Skries (foto: Wikipedia/Hans Hillewaert – lisinsje CC BY-SA 4.0)

Yn Portugal driget in natuerramp foar ús skriezen. Dy binne, op wei fan Afrika nei harren briedgebieten yn noardliker streken, wend om op te fetsjen yn de rysfjilden by de mûning fan de rivier de Taach by Lissabon. Krekt yn dat gebiet is it Portugeeske regear fan doel om in nij fleanfjild oan te lizzen, mei desastreuze gefolgen foar de skriezen en tal fan oare trekfûgels. Nearne op de wrâld binne mear skriezen tagelyk te sjen as dêr. Yn de Ljouwerter krante fan 18 septimber hat sjoernaliste Marscha van de Vlies dêr in artikel oer skreaun. De Feriening Fûgelbeskerming Nederlân makket him der al langer drok oer. Dy feriening hat in petysje organisearre dy’t tekene is troch mear as 40.000 minsken.
De provinsje Fryslân hat premier Costa en presidint Rebelo de Sousa oproppen nochris kritysk te sjen nei de plannen dy’t ús nasjonale fûgel slim bedriigje. Fryslân stekt jierliks 15 miljoen euro yn it rêden fan de skries. Skriezen binne honkfêst en sille net gau ferhúzje as it fleanfjild der ienris leit. Se krije dus in protte lêst fan it fleanferkear.

De Portugeeske fûgelbeskermingsorganisaasje ropt de Europeeske lannen op om protest tsjin de oanlis oan te tekenjen. Hoewol’t it fleanferkear yn Portugal troch koroana ek stilfallen is, hat dat der net ta laat dat it Portugeeske regear syn ûnsillige plannen ynlutsen hat. De Portugeeske ekolooch Alves is no in juridyske proseduere begûn tsjin de miljeufergunning foar de bou fan it fleanfjild, dêr’t in rjochter foar de ein fan dit jier útspraak oer dwaan sil. As dat neat opsmyt, wol er de kwestje oan it Europeeske Hôf foarlizze, dat it kin noch in lange striid wurde.

Ik soe it Nederlânsk regear en de Nederlânske Europarlemintariërs oproppe wolle in berop te dwaan op it Portugeeske regear om mei de plannen op te hâlden.

Jehannes Elzinga,
Frjentsjer

 

 

 

oktober 8, 2020 10:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.