Sjitterij op ’e dyk (radiodokumintêre yn twa dielen)

oktober 21, 2020 09:50

Yn Nederlân bart hieltyd faker sjitterij, mei hieltyd swierdere wapens. Mar sjitterij op ’e dyk is net normaal en moat dat ek net wurde. Yn in dokumintêre-twalûk wurdt de ûntregeljende ynfloed fan sjitterij ûnder de loep nommen en is te sjen wat belutsenen dêr foaroer sette.

Snein 15 novimber 2020 – earste diel: ‘Collateral Damage’
Woansdei 20 desimber 2017. Noch in deimannich en de krystfakânsje begjint. Op ’e skoallen yn Nederlân wurde krystdiners jûn en ferskes songen. Troch de âlden binne lekkere hapkes meibrocht. Sa ek yn de Beverwaard. As de bern mei harren âlden op wei nei hûs ta gean, klinke der skotten. Yn it winkelsintrum, deunby de skoalle, wurde twa jongelju yn harren auto mei in kalashnikov deasketten. De kûgels fleane yn it rûn. In hûs wurdt rekke, in buertbewenner sit bevend fan skrik yn syn parkearre auto, in pear meter fan de ravaazje ôf. Sawol dieders as slachtoffers binne jonge jonges en se komme allegear út ’e buert.

Yn diel 1 fan Een schietpartij op straat wurdt ferteld hoe’t de buert reagearret en hoe’t dy mei ‘syn jonges’ omgiet.

Snein 22 novimber 2020 – twadde diel: ‘Vergissing’
Sneon 12 july 2014. It is folop simmer en flink waarm. Nederlân hat sakrekt de treastfinale tsjin Brazilië wûn. Om in oere of 1.00 nachts wurde yn ’e Conradstraat buertbewenners wekker fan knallerij. Janke Verhagen rint efkes dêrnei de dyk op, op syk nei har Stefan, dy’t al lang thús wêze moatten hie. Stiet syn auto der al?

Yn diel 2 fan Een schietpartij op straat wurdt ferteld hoe’t Janke en har famylje yn in absurde film telâne komme. Hoe moatte minsken fierder as harren dierbere slachtoffer wurden is fan in moard út fersin? En hoe sjogge se nei de jonges dy’t dat op harren gewisse hawwe?

Utstjoering: 15 en 22 novimber 21.00 oere NPO Radio 1

oktober 21, 2020 09:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.