Simone Djurrema: Wat in guod

oktober 24, 2020 20:00

Kollum

foto Simone Djurrema

It is bekend dat minsken in protte dingen sammelje. De iene wat mear as de oare. Sommige minsken hawwe in sykte, dat binne hoarders, dy hamsterje en hawwe it hiele hûs sa fol dat der neat en net ien mear by kin. It kin sels sa fier gean dat se it húske net trochspiele, omdat se fan de kak gjin ôfstân dwaan kinne. Mar sa slim hawwe de measten it gelokkich net.

Wy hiene yn ús Fryske jierren ek aardich wat guod sammele. Ik fûn it mar dreech om wat fuort te smiten. Stel dat ik der nochris ferlet fan krige. Mar as men in goede reden hat om dingen fuort te dwaan, dan wol it skoan. Dat doe’t wy nei Sweden emigrearren haw ik sûnder muoite in hiel soad fuortdien. Wy namen hast neat mei, fûnen wy. Gjin meubels yn alle gefal.

Doe’t we it hûs kochten moast der dus fan alles komme. Wy hiene doe sels twa huzen en dat oare hûs moast ek ynrjochte wurde, foar de ferhier. Dat wie safolle yn ien kear dat we in oplossing sykje moasten. It jild groeit ús net op ’e rêch. We fûnen sa stadichoan goedkeape winkels en oanbiedingen en we hawwe úteinlik wol in protte twaddehânsk guod kocht. Dêrom binne we no wat de yn en yn Sweedske loppis oangiet hielendal yntegrearre.

In loppis is in rommelmerk. Dat kin by ien thús wêze dy’t wat byfertsjinje wol, it kin ek foar ien kear wêze om’t ien in grutte opromming holden hat, in soarte fan garaazjeferkeap. In protte tsjerken of ferieningen hawwe loppisen, bygelyks it Reade Krús. Dy lykje mear op in omrinwinkel, of ‘kringloopwinkel’ sa’t Friezen meastal sizze. Toeristen sil it geregeld opfalle dat der selsskildere buordsjes oan ’e dyk stean mei ‘loppis’ derop. In loppe is in flie, dat loppis betsjut sokssawat as flieke. Fliemerk dus, hoewol’t it Hollânske wurd vlooienmarkt weromgiet op vlooien = snuffelen.

foto Simone Djurrema

Ien fan myn favoriten is Sällsäters loppis, in loppis yn in grutte reade skuorre en in lyts read bargehokje. Simmerdeis hawwe se der noch in pear grutte partytinten by. Wy hawwe der al fan alles weisleept. Wa’t Facebook hat kin ris sjen wat der te krijen is, it is in hiele aardichheid. Se hawwe diggelguod, ynrjochting en meubels, mar ek ramen, doarren en ark. Der binne moaie antike dingen by, mar ek âlde rotsoai. Sa no en dan kom ik typysk Nederlânske dingen tsjin.

Ferline jier frege de buorman, dy’t ús oare hûs al in moai skoft hierd hie, oft er it keapje mocht. Hy hie sa lang socht en hy fûn mar net wat gaadliks. Ik rôp fansels fuortendaliks: “Nee!” Ja, it fielt wol hiel moai om sizze te kinnen dat je twa huzen hawwe, of net dan! Mar doe tochten we oan it ûnderhâld dat der ek oan siet te kommen. Boppedat koene we der in goede priis foar krije dy’t ek foar him skaplik wie. Dat nei in skoftke stinnen seine we ja.

Doe koene we in nij dak op ’e skuorre sette litte; dêr hawwe jimme wol oer lêze kinnen. En der wiene noch wat oare dingen. Hindrik sei dat er foar de besite wol in tiny house (of ekokon, sa’t it yn it nij Frysk Wurdboek fan de LC neamd wurdt) timmerje koe. Oant salang kinne se yn ús opknapte caravans. As se dat net wolle, kinne se it skattige reade húske fan de buorman hiere. Dat regelje we ek noch hieltyd, al is it hiel rêstich no mei de koroana.

Mar oan it bouwen fan in ekokon binne we noch net ta. Dy earme Hindrik besiket syn tiid te ferdielen tusken it appartemint fan de dochter, dat noch net klear is, in keamer foar de soan yn it pikehok, sadat dy ek min ofte mear op himsels wenje kin, en dan moat der fansels ek noch jild fertsjinne wurde. No, as ik it lês tink ik: it liket krekt as doch ik neat. Ik jou ta, de soan en ik helpe wol wat, mar it komt dochs op Hindrik oan, dy is de ekspert fansels. Ik bin tige wiis mei sa’n handige man, en no blykt de soan ek sa handich te wurden, mar dêrtroch fine se dan ek wer fan alles út. Ik kin yn alle oprjochtens sizze dat ik net mei al dy plannen oankommen bin, hy wol it sels.

Dat ús hûs stiet oan ’e nok ta fol mei allegearre guod dat we al sammele hiene foar ússels, guod dat út it oare hûs weikomt en dat we net fuort doarre te dwaan, want misskien komt it noch fan pas foar ien fan ’e bern of letter yn de ekokon. Winters de kessens en matrassen út de caravans. As de bern teplak sitte sil ik der ris goed trochhinne en alles sortearje, want ik wit bytiden net iens mear wat we hawwe, en as ik it wol wit, kin ik it soms net fine.

Ik wurkje in protte as begeliedster fan in bline frou. Wy hawwe it altyd tige nei it sin tegearre. Sy wol hiel faak nei loppisen ta. In skoftke lyn kamen we by ien fan Nederlanners. Dy hjit Old Amsterdam. We rekken fansels oan ’e praat en se nûgen ús út op ’e kofje. It binne hiel aardige minsken en se seine de hiele tiid dat se in spesjale ferrassing foar my hiene foar by de kofje. It wie noch knap waar, dat neidat we alles besjoen hiene en myn selskip in Delfts blauwe pot kocht hie, sieten we moai op koroanaôfstân bûten yn de neisimmersinne. En dêr kaam Angeyla mei de kofje mei… Fryske krûdkoeke!!!

It is my slagge en keapje dy deis neat, en dat is mar goed ek! Wy hawwe no earst mear as genôch guod!

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.
oktober 24, 2020 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.