Sa reagearret Frankryk hjoed op de islamityske leararemoard

oktober 18, 2020 20:13

Emmanuel Macron (Wikipedia/Claude Truong Ngoc, CC)

Yn ûnderskate Frânske stêden waard snein demonstrearre foar de frijheid fan mieningsutering. Likernôch tsientûzen minsken yn Parys, Lyon, Bordeaux en oare plakken giene de dyk út om harren stipe te betsjûgjen oan it rjocht op frije utering fan jins betinken. De demonstraasjes wiene fuort in earbewiis oan Samuel Paty, de skiednislearaar dy’t freed op grouwélige wize fermoarde waard troch in moslim dy’t it net lije koe dat de learaar yn syn lessen spotprinten fan Mohammed sjen litten hie.

Mank de demonstrearders wiene pommeranten lykas de boargemasterske fan Parys Anne Hidalgo, premier Jean Castex en minister fan ûnderwiis Jean-Michel Blanquer. De lêstneamde wie der tige dúdlik oer dat de Frânske oerheid gjin beheining fan it frije wurd troch terrorisme akseptearje sil en sei: “Wy moatte sjen litte dat wy net benaud binne foar de fijannen fan de Republyk.”

Om trije oere hâlde de kliber him in minútlang stil om Paty te betinken. Guon demonstranten hiene buorden of spandoeken by harren mei teksten dy’t ferwiisden nei de oanslach op it tydskrift Charlie Hebdo yn 2015, bygelyks Je suis Prof en Je suis Samuel.

It regear fan presidint Macron hat te witten dien dat der in offisjele betinking fan Paty komt. In mannichste waard jit net buorkundich makke. Fierders ret it regear maatregels ta om de moslimterreur te beheinen. Twahûndert ekstremistyske moslims sille it lân út set wurde. In grut part fan harren sit yn ‘e finzenis, mar dat jildt foar allegearre.

Nêst de tsien lju dy’t earder oppakt binne, is snein noch in alde persoan fêstnommen woarn yn gearhing mei de moard op Paty. Neffens Frânske media is it in kammeraat fan ‘e moardner. Mank de arrestearre lju binne in broer fan ‘e moardner, syn beide âlden, syn pake en syn snoar.

oktober 18, 2020 20:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.