Ryksjild Erfgoed Deal foar Frysk projekt ‘Waddenkust K(l)eigoed’

oktober 9, 2020 10:11

Ut de Erfgoed Deal komt 450.000 euro beskikber foar it projekt ‘Waddenkust K(l)eigoed’. Yn dat projekt wurdt erfgoed ynset foar it yn goede banen lieden fan de effekten fan krimp yn de gemeenten Noardeast-Fryslân en Waadhoeke. Fjouwer oant seis leechsteande karakteristike gebouwen wurde ferboud ta heechweardige oernachtingsakkommodaasjes. De gebouwen bliuwe sa beholden én se leverje in bydrage oan de toeristysk-ekonomyske ûntwikkeling fan it gebiet, te witten ‘tûke groei’, dêr’t by ynset wurdt op kultuertoerisme dat bydraacht oan leefberens, omjouwingskwaliteit en seizoensferlinging.

Foto: pixabay.com

‘Ik bin tige wiis mei dizze finansjele stipe’, seit erfgoeddeputearre Klaas Fokkinga. ‘De útfiering fan dit projekt komt sa in stap tichter by. Sa kinne wy mei-inoar oan ‘e slach mei krimp, rekreaasje en erfgoed. In boppeslach!’.

‘Waddenkust K(l)eigoed’
De finansjele bydrage út de Erfgoed Deal makket it mooglik om op koarte termyn mei de útfiering fan dat projekt te begjinnen. Inisjatyfnimmer Provinsje Fryslân en de gearwurkjende gemeenten Noardeast-Fryslân en Waadhoeke kieze dêrby foar in oanpak fan ûnderen op. De kommende moannen skriuwe se acht doarpen oan mei it fersyk om in plan yn te tsjinjen. In ûnôfhinklike sjuery kiest dêrnei hokker fjouwer oant seis plannen subsydzje krije en útfierd wurde kinne. De oanpak kriget in plak yn it programma fan de Landschapstriënnale 2023 dy’t oan de Waadkust holden wurde sil. Mei de provinsjale en gemeentlike bydragen is der yn totaal foar ‘Waddenkust K(l)eigoed’ 950.000 euro beskikber.

Erfgoed Deal
‘Waddenkust K(l)eigoed’ is ien fan de seis projekten dy’t yn dizze twadde omgong fan de Erfgoed Deal yn oanmerking komme foar in finansjele bydrage. Yn totaal wiene der sechstjin oanfragen. De Erfgoed Deal is op 21 febrewaris 2019 ûndertekene troch oerheden en maatskiplike organisaasjes. Ut de Erfgoed Deal wurde projekten stipe dêr’t erfgoed in bydrage yn leveret oan de grutte romtlike opjeften.

oktober 9, 2020 10:11
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes Rozenga oktober 9, 16:54

    Is “deal” in Frysk wurd? It is deal foar en it is deal nei. Ik wurd er gek fan.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.