Romsinnich belide

oktober 4, 2020 06:47

Oertinking

Oer de hiele wrâld binne der libbensbeskôchlike groepearringen dy’t harren leden of freonen de romte jouwe om harren eigen fyzje op it libben nei foaren te bringen. Der jilde gjin, fan boppen ôf opleine, binende belidenisfoarskriften, en der wurdt maksimaal de gelegenheid jûn om mei oaren yn wurd en died ynfolling oan it leauwen te jaan.

De basis is in leauwen yn in ûndogmatyske wize fan libjen, dêr’t it rjocht fan de sterkste net jildt. Der is sprake fan lykweardigens en solidariteit. Frijsinnich of eigensinnich leauwe wurdt dat neamd. Tsjintwurdich wurdt dat mear as romsinnich beliden oantsjut. It berêst op it idee dat elkenien yn frijheid syn/har leauwe útdrage mei en dêrop oansprutsen wurde kin. Uteringsfrijheid, net op repressyf-tolerante wize (*1).

Krekt sa’t it de measte minsken giet, fyn ik it dreech om myn leauwen ûnder wurden te bringen. Ik besef dat it oan tiid bûn is en by in beskate ûntwikkelingsfaze heart. Op in fraach wêr’t ik yn it kleurige palet fan beliden stean, it folgjende:

boarne ôfbylding: pixabay.com

Ik leau
yn gelike rjochten foar alle minsken,
yn frede en ferantwurdlikens.
Dat leauwe is pas in leauwen
as it died wurdt
en der nea ta liede sil
oanspraak te meitsjen
op ekslusiviteit.

Ik leau
yn de leafde dy’t in soad útstean kin,
yn in iepen hân,
yn in wei
fan minske nei minske
(*2).

Yn it bewustwêzen dat ûnferskillichheid en selsbefêstiging
it realisearjen fan frede en rjochtfeardichheid
yn ’e wei stean,
fyn ik hâldfêst by it wurd fan Mahatma Ghandi:
“Der is gjin wei nei frede. Frede is de wei” (*3).

Wytze Brandsma, Gersleat
emearitus agooch en teolooch

*1 Repressyf-tolerant is in begryp fan filosoof en sosjolooch Herbert Marcuse (1898-1979) dat it bêste omskreaun wurde kin as uteringsfrijheid op betingst dat de fêstige oarder net oantaast wurdt.
*2 Ut: ‘Belidenis fan it leauwe’ yn God is it antwurd net, Narratio, 2018 5e.
*3 Politikus, jurist en frijheidsstrider Mahatma Ghandi (1869-1948) wie in foarstanner fan geweldleaze striidberheid en sette him ek yn foar fermoedsoening tusken hindoes en moslims yn Yndia.
oktober 4, 2020 06:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.