Rjochter: yn gebou hegeskoalle NHL Stenden mei gjin ûnderwiis jûn wurde

oktober 14, 2020 20:50

NHL Stenden yn Ljouwert (ôfbylding: Wikipedia/eigen wurk – CC BY 3.0)

It gebou fan hegeskoalle NHL Stenden oan de Iemsgoaleane yn Grins mei net brûkt wurde foar ûnderwiis. Dat is in útkomst fan in koart pleit. Dat wie oanspand troch abbekatekantoar Yspert, dat him koartlyn fêstige hat yn itselde gebou. De abbekaten hiene argewaasje fan de drokte dy’t studinten feroarsaakje en easke dat it ûnderwiis ophâlde soe. De rjochter konstatearre dat it abbekatekantoar fan ferhierder BVG de tasizzing krige hat dat it gebou foar ‘saaklike tsjinstferliening’ brûkt wurde soe en oardiele dat ûnderwiis dêrmei yn striid is.

NHL Stenden is gjin partij yn it koart pleit. De hegeskoalle hiert it gebou sûnt 2018 foar ûnderwiisaktiviteiten fan BVG. Dat dy ferhierder oan Yspert tasizzings dien hat dy’t net wiermakke wurde kinne, is gjin ferantwurdlikheid fan de hegeskoalle. BVG sil in oplossing fine moatte dêr’t beide hierders it mei lykfine kinne.

It diel fan it gebou dêr’t NHL Stenden yn sit, is de ôfrûne moannen mei meiwitten fan BVG yngeand ferboud woarn. Yn it gebou sitte ûnder oaren de masterfaze (de heechste learjierren) fan de learare-opliedings (wêrûnder Frysk) en in part fan de pabû, de learare-oplieding foar it basisûnderwiis.

It gebou yn Grins is in bygebou fan de hegeskoalle, dy’t syn haadfêstiging oan de Rengersleane yn Ljouwert hat.

oktober 14, 2020 20:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.