Regionale oerheden witte neat fan problemen mei Friesenbrücke

oktober 21, 2020 21:32

Friesenbrücke by Weener (East-Fryslân)

De bestjoeren fan de provinsje Grinslân en de dielsteat Nedersaksen geane der noch hieltiten fan út dat de Friesenbrücke by Weener yn 2024 klear is en dat dat kin foar de earder berekkene kosten. Dat seit de Grinslanner deputearre Fleur Gräper.

De Dútske rekkenkeamer, it Bundesrechnungshof, die dizze wike te witten dat de brêge wolris folle djurder wurde koe en dat er earst yn 2030 klear wêze soe. De spoarbrêge makket diel út fan de treinferbining tusken Grins en Lear. Hy is sûnt 2015 stikken.

Frou Gräper seit dat de berekkenings fan it Bundesrechnungshof noch net iepenbier makke binne, mar hja tinkt dat dat ynstitút ferskate senario’s trochrekkene hat en dat ien fan dy (ûnwierskynlike) senario’s de Dútske parse berikt hat.

oktober 21, 2020 21:32
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. A.Kramer oktober 24, 13:43

    Ik tink dat dizze brêge yn in ôflein stik Dútsklân, by oerheden net sa’n prioriteit hat.
    As dit mei de Rynbrêge by Keulen bard wie, dan stie dy’t der no al lang wêr. Nei de oarloch duorde it ek gjin trettich jier ear’t de skansearre brêgen der wêr stiene.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.