Publyksstimming Liet 2020 set útein

oktober 7, 2020 08:18

Trettjin akts noch yn ’e race foar finale

Foto: Liet

It Fryske publyk kin fan hjoed ôf online in stim útbringe op ien fan de trettjin akts, dy’t noch yn de race binne foar in finaleplak fan Liet 2020. It Fryske sjongfestival wurdt dit jier op freed 6 novimber hâlden yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert. De twa akts mei de measte stimmen fan it publyk kwalifisearje har streekrjocht foar de finale. Der kin stimd wurde fia www.liet.frl. De oare seis finalisten wurde oanwiisd troch in seleksjesjuery, besteande út singer- songwriter Esther de Jong, radiopresintator Wim Brons en muzykdosint Willo de Bildt.

“Ferline jier brochten de ynwenners fan Fryslân hast 2000 stimmen út. Dat wie 30% mear as it jier dêrfoar. Wy hoopje fansels dat dy groei dit jier trochset”, seit Gerard van der Veer, foarsitter fan Liet. Der kin stimd wurde oant freed 16 oktober op ien fan de folgjende acts: Duo Dronkers & Alinda, Vocal Roses, Sample Text, BANT, Fegebart, Fryaz, Fisk & The Stereo Machine, Janneke de Boer, Jilt & Bruno, Volk!!, Bokke en de Heidehippers en MOSKEN. Spitigernôch kin der net op Douwe Dykstra stimd wurde om’t hy foar de opnamen siik wie. Hy docht noch wol mei foar in oanwiisplak troch de seleksjesjuery.

De sjuery foar de finale is yntusken ek rûn. Dy wurdt oanfierd troch de Fryske singer-songwriter Marcel Smit en bestiet fierder út Angeline Westra (winner Liet 2019), Remco Kuiper (dichter) en Nick Veenstra (o.a. programmeur Welcome to the Village). Fanwegen koroana is der foar dit jier in beheind oant tagongskaarten beskikber. De kaartferkeap set ynkoarten útein fia Neushoorn.

oktober 7, 2020 08:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.