Provinsje ûndersiket mooglike needkonsesje busferfier

oktober 29, 2020 10:08

foto © Provinsje Frylân

Troch de gefolgen fan de koroanakrisis set de provinsje Fryslân de rinnende oanbestegingsproseduere foar de buskonsesje 2022-2032 foarearst stil. De provinsje rekkenet net op goede ynskriuwingen fan ferfierders om it busferfier foar langere tiid te fersoargjen. Ferfierders wurde nammentlik hurd troch de koroanakrisis rekke. Dêrom dat de mooglikheden fan in oerbrêgingskonsesje foar 2022-2024 yn kaart brocht wurde.

Op it stuit is it tal reizgers mei sawat de helte sakke, ferlike mei ferline jier. De ferwachting is dat it yn de kommende tiid noch mear ôfnimme sil. Fryslân wol kwalitatyf goed iepenbier ferfier biede. “No fêsthâlde oan it starten fan in nije oanbesteging foar tsien jier, kin skealik wêze foar de reizgers, it iepenbier ferfier sels en foar de leefberens yn ’e provinsje”, seit deputearre Avine Fokkens-Kelder.

De tsjintwurdige buskonsesjes rinne ein 2022 ôf. It oanbieden fan iepenbier ferfier troch in ferfierbedriuw sûnder buskonsesje is ferbean. Dêrom besjocht de provinsje oft der in oerbrêgingskonsesje ferliend wurde kin foar in perioade fan twa jier, oant de reizgerspatroanen en ‑oantallen nei’t ferwachte wurdt wer better te foarsizzen binne. It giet dan om in saneamde needkonsesje. De proseduere foar sa’n konsesje wykt ôf fan de gewoane oanbestegingen yn it iepenbier ferfier. De provinsje sil earst mei de hjoeddeistige ferfierder Arriva om ’e tafel. De al fêststelde Nota van Uitgangspunten voor de aanbesteding van de busconcessie 2022-2032 sil dêrby safolle mooglik as basis brûkt wurde.

oktober 29, 2020 10:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.