Protte Fryske nammen yn Grinslanner Westerkertier

oktober 16, 2020 22:59

Typysk Fryske nammen, nammen dy’t foar it oergrutte part yn Fryslân foarkomme, komme ek in soad foar yn it westlikste part fan ‘e provinsje Grinslân. Dat skriuwe de taalkundigen Gerrit Bloothooft en David Onland op Neerlandistiek.nl. It Suderleech hat bytiden ek Fryske nammen, mar it suden fan ‘e provinsje is oer it generaal in dúdlike nammekundige grins.

It stik fan ‘e twa taalkundigen is in ferfolch op in stik dat hja earder skreaune oer regionale foarnammen. Dêr stie yn dat Fryslân fierwei de measte typysk regionale nammen foarkomme. Yn it nije stik skriuwe hja dat dat noch hieltiten it gefal is, mar dat it oanpart typysk Fryske nammen de ôfrûne sechtich jier wol ôfnommen is. Dat makket dat hja harren ôffreegje oft it op ‘e lange doer wol goedkomt mei de Fryske taal en kultuer.

Populariteit fan de neikommende, benammen yn Noardeast-Fryslân populêre, manljusnammen: Aan, Bareld, Gaatze, Halbe, Liekele, Minze, Oeds, Riekele, Rindert, Rudmer, Jilt, Mient, Yde, Hoite, Joeke, Rienk, Sape, Sieds, Tjipke, Tjisse, Gaele, Oege, Tjitze, Ytzen, Foppe, Gerk, Hedzer, Hinne, Jochum, Keimpe, Piebe, Ritske, Romke, Sije, Wierd, Bokke, Doeke, Eelke, Gjalt, Jitze, Lieuwe, Louw, Tabe, Wopke, Wybren. Kaartsje: Gerrit Bloothooft en David Onland

oktober 16, 2020 22:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.