‘Project Rembrandt’: Syktocht nei it grutste skildertalint fan Nederlân

oktober 19, 2020 10:51

No snein set in nij seizoen fan Project Rembrandt útein, presintearre troch Annechien Steenhuizen. Yn ’e geast fan Rembrandt en oare grutte masters, lykas Breitner, Van Gogh en Vermeer, sil Project Rembrandt yn acht ôfleveringen op syk nei de bêste amateur-keunstskilder fan Nederlân.

Annechien Steenhuizen by Marten en Oopjen (foto: ©Remon Rijper)

Ut tritich farske kandidaat-learlingen wurde tsien pasjonearre talinten keazen dy’t yn in pear moanne tiid besykje om har it âlde ambacht fan keunstskilder eigen te meitsjen. Underwiisd troch besiele dosinten, keunstneresse Iris Frederix en keunstner Tyas Leeuwerink, krije se de kâns om harren talint yn figurative keunst te ûntdekken of fierder te ûntwikkeljen.

Eltse ôflevering moatte de amateurskilders opdrachten útfiere dêr’t se de grutte masters net by kopiearje en imitearje, mar harren wurk dertroch ynspirearje litte en sa harren eigen styl ûntwikkelje. De opdrachten bringe de skildertalinten nei prachtige lokaasjes yn Nederlân, ûnder oare Paleis Het Loo en Paleis Soestdijk, en moetingen mei bekende Nederlanners lykas Gerard Joling en Simone Kleinsma. De dêrby makke wurken wurde beoardiele troch in fakkundige sjuery, besteande út Pieter Roelofs, haad skilder- en byldhoukeunst by it Ryksmuseum, en Lita Cabellut, keunstneresse. Sy bepale: wa giet troch en wa falt ôf?

Online kompetysjes en masterlessen
De sjoggers thús kinne op projectrembrandt.nl alle wiken de masterlessen út de rige folgje en dielnimme oan in online kompetysje. De opdracht foar dy kompetysje: skilderje in portret fan de winner fan ferline jier, Sebas. De bêste ynstjoeringen meitsje kâns op in plak yn ’e publykssjuery yn ’e lêste ôflevering dêr’t de winner fan Project Rembrandt yn bepaald wurdt. It lêste nijs oer it programma en mear ynformaasje oer de dosinten, sjueryleden en dielnimmers is yr finen op projectrembrandt.nl.

Utstjoering: Sneins fan 25 oktober o/m 13 desimber om 20.25 oere by de NTR op NPO 1.
Webside: projectrembrandt.nl, of folgje it programma op Facebook of Instagram.

Project Rembrandt wurdt foar de NTR produsearre troch Helder TV.

oktober 19, 2020 10:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.