Primeur: alderearste ynter-Fryske app ‘Frisian keyboard’
Resint ferskynd
De Jongfryske Mienskip/Jungfräiske Mäinskup (JFM) stipet as earste Fryske organisaasje de ynter-Fryske app ‘Interfrisian Keyboard’. De app is troch ferieningslid Onno Feldmann makke en biedt de ferskillende Fryske talen toetsebuorden mei yntegrearre wurdboeken oan.
Foar it Sealterfrysk, Eastfrysk Plat en Noardfrysk is de app in primeur. De JFM wol mei de stipe oan dit projekt it gebrûk fan de Fryske en Friso-Saksyske talen stypje. De app stiet al yn de Play Store (Android). Skielk sil de app ek noch in autokorrektfunksje krije. Onno Feldmann: “Mei dizze app hawwe wy de lytsere Fryske talen in mooglikheid jûn om makliker te kommunisearjen. Grut of lyts, wy hâlde fan alle Fryske talen.”
Plakferfangend foarsitter fan de Jungfräiske Mäinskup yn East-Fryslân: “In protte Friezen witte net iens fan it bestean fan de oare Fryslannen ôf. Dat moat gewoan feroarje. Dit is ien fan de boustiennen dy’t derfoar soargje moat dat wy ús bewust wurde fan de ynter-Fryske ferbining.”
Neist de Jongfryske Mienskip yn Westlauwersk Fryslân en de Jungfräiske Mäinskup út East-Fryslân spile it Nordfriisk Instituut út Noard-Fryslân in wichtige rol by it ta stân kommen fan dit projekt.
De app Interfrisian Keyboard is fergees del te heljen yn de Play Store (Android).
Spitich, net foar de Iphone.