Priisfraach takomst Sealen Schaaf

oktober 28, 2020 08:32 Fernijd

Gemeente siket keaper of hierder mei in konkreet en helber plan

De gemeente Ljouwert hat op fersyk fan de gemeenterie in kompetysje útskreaun om ideeën en inisjativen foar de ûntwikkeling fan Sealen Schaaf op te heljen. Mei de priisfraach siket de gemeente in keaper of hierder fan it gebou mei in konkreet en helber plan. De kompetysje stiet no online op www.leeuwarden.nl/zalenschaaf. Belanghawwers kinne oant 16 desimber 2020 in plan yntsjinje.

Kritearia
De ynstjoerings wurde troch in seleksjekommisje hifke op de neikommende kritearia:
* Orizjinaliteit; hoe ferrassend en oarspronlik is it idee dat de ynskriuwing as grûnslach hat?;
* Gaadlikens fan de foarstelde funksjes foar it gebou (en omjouwing);
* Mearwearde fan de oandroegen funksjes foar it Speelmanskwartier en de gemeente Ljouwert;
* Hoe oansprekkend is it plan? Kinit by realisaasje rekkenje op brede publike wurdearring?;
* (Finansjele) helberens; ûnderbouwing.

Proses en plenning
* Op 10 en 11 novimber binne der sjochdagen foar inisjatyfnimmers. Gadingmakkers kinne har dêr foar woansdei 4 novimber 12.00 oere foar oanmelde;
* Oer de kompetysje en lokaasje kinne inisjatyfnimmers fragen stelle. Publikaasje fan de antwurden op dy fragen is ein novimber 2020 (Notysje fan ynljochtingen);
* Oant 16 desimber 2020 kinne inisjatyfnimmers plannen yntsjinje;
* Yn it begjin fan 2021 hifket in noch gear te stallen seleksjekommisje alle ynstjoeringen en selektearret dy de trije oant seis bêste ideeën. Dy seleksje ûnderbout de kommisje yn in sjueryrapport;’
* Dêrnei komt der in (digitale) gearkomste dêr’t omwenners, belanghawwers en de gemeenterie wolkom by binne. Dy jûns presintearje de selektearre inisjatyfnimmers harren plan en is der romte foar diskusje oer de ideeën;
* Op basis fan it sjueryrapport en de útkomst fan de diskusjegearkomste, advisearret it kolleezje fan B&W in rangoarder oan de gemeenterie. Dat bart yn ’e maitiid fan 2021. De gemeenterie nimt dêr in beslút oer.
* Dy rangoarder is bepalend foar de petearen mei inisjatyfnimmers oer it ferfolch. Nei alle gedachten kin de gemeente foar de simmer fan 2021 úteinsette mei dy petearen.

Om spekulaasje foar te kommen en takomstige ûntwikkeling mooglik te meitsjen, is Sealen Schaaf yn 2010 troch de gemeente oankocht. Sûnt dy tiid is Sealen Schaaf yn gebrûk by in tydlike eksploitant.

oktober 28, 2020 08:32 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.