Presidint Trump werom yn Wite Hûs

oktober 6, 2020 09:55

Presidint Trump hat it Walter Reed Sikehûs ferlitten. Hy waard by it militêre sikehûs yn Washington ophelle troch in helikopter en lâne efkes letter by it Wite Hûs. Dêr moat er better wurde. Neffens syn dokter is Trump noch hieltyd besmetlik.

Foto: Wikipedia/Nishkid64 (publyk domein)

De presidint rûn op eigen krêft fan it sikehûs nei de auto dy’t him nei de helikopter brocht. Hy droech in mûlekapke. Trump waard freed yn it sikehûs opnommen, om’t er de koroanakrupsje skipe hie. Hy is noch net hielendal better, sei syn liifdokter, mar hy soe foldwaan oan alle kritearia om nei it Wite Hûs werom te kinnen. Hy hie al 72 oeren gjin koart mear en is syn sykheljen normaal.

Sels twitteret de presidint dat er him poerbêst fielt. Yn in fideoboadskip werhellet er syn oprop om net benaud te wêzen foar it koroanafirus. “Lit jin der net troch oerhearskje”, seit er ferskate kearen. “As jim lieder moast ik dat dwaan. Ik wist dat it gefaarlik wie en risikofol, mar dat is prima. En no bin k better, faaks ymmún.”

Trump seit dat de Feriene Steaten de bêste medisinen op ’e wrâld hawwe. En dat de faksins skielk komme.

oktober 6, 2020 09:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.