Podcast ‘Making an Opera’ wint Prix Europa

oktober 31, 2020 08:56

Ofrûne wike tiisdei is bekend makke dat de NTR/NPO Radio 4-podcast Making an Opera de winner is fan de Prix Europa Best European Radio Music Programme. Ferline moanne wûn de podcast ek al de Special Mention (twadde priis) fan de Prix Italia. De Prix Europa is in jierliks festival yn it Dútske Potsdam, dêr’t prizen útrikt wurde oan de bêste Europeeske telefyzje-, radio- en mediaproduksjes.

Ofbylding: NTR

Ien fan de sjuerykommentaren wie: “Very detailed in the numerous aspects of narration, the several angles and points of view sum up to a thrilling inside-story of the opera world. This programme is a good example to tell a „classic“ story with new means – and a very special, highly appealing tone.“

Lês hjir it folsleine sjueryrapport.

Making an Opera is te beharkjen fia de webside fan NPO Radio 4 en alle bekende podcastplatfoarms.

Oer Making an Opera
Oardel jier lang krige podcastmakker Stef Visjager ûnbeheind tagong efter de skermen by De Nationale Opera (DNO). Dêr folge se seis jonge sjongers by it meitsjen fan de opera Ritratto fan Willem Jeths, dêr’t it Opera Forward Festival mei iepene wurde soe. It unike, yntime ynsjoch dat se by dat komplekse proses fan meitsjen krige, ferwurke se yn ’e podcast Making an Opera, of Hoe het te maken in de opera, in podcast yn acht akten.

Al yn ’e earste akte ûnthjit Visjager: it meitsjen fan in opera is faak krekt sa dramatysk as de opera sels. Neat bliek minder wier. Neist rûzjes, ferealens en ûnwissichheden folget in tige dramatyske plotwiksel: de opera wurdt in dei foar de wrâldpremjêre op freed 13 maart annulearre fanwege de koroanakrisis. NOT making an opera dus.

De opera Ritratto is hjir te besjen.

oktober 31, 2020 08:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.