Peverelli wint Wopke Eekhoffpriis 2020

oktober 23, 2020 11:53

It gemeentebestjoer fan de gemeente Ljouwert kent de Wopke Eekhoffpriis 2020 ta oan Tymen Peverelli. De fjouwerjierlikse priis, foar de bêste bydrage oan it lokaal histoarysk ûndersyk oer de ôfrûne jierren, kriget Peverelli foar syn boek De stad als vaderland. Brugge, Leeuwarden en Maastricht in de eeuw van de natiestaat – 1815-1914.

Ofbylding: Uitgeverij Vantilt

Tymen Peverelli (1988) promovearre ferline jier oktober op dy stúdzje oan ’e Universiteit fan Amsterdam. It kolleezje komt ta syn beslút op foardracht fan de sjuery, besteande út pref. dr. Mineke Bosch (foarsitter), pref. dr.  Hans Mol en ir. Ap Timmermans.

Peverelli falt by de sjuery net allinnich op om’t it earste haadstik begjint mei de sin: ‘Drukker Wopke Eekhoff (1809-1880) uit Leeuwarden hield zich in zijn vrije tijd intensief bezig met het stadsverleden.’ De sjuery wie foaral ûnder de yndruk fan de relevânsje fan it ûnderwerp (de spanning tusken identifikaasje mei de eigen stêd mei de oerkoepelende naasjesteat), de analytyske ynbêding en de empiryske djipgong. Yn it boek wurdt it stedsnasjonalisme fan trije midddelgrutte stêden ferlike, nammentlik Brugge, Ljouwert en Maastricht. It jout dêrmei de fokus op lokale skiednis in perspektyf en set de bestudearring en ‘fiering’ fan de lokale Ljouwerter skiednis yn de 19e iuw as foarmen fan kultureel nasjonalisme yn in grutter en ferlykjend ramt.

Dat de Wopke Eekhoffpriis de berneskuon ûntgroeid is, docht bliken út de kar dêr’t de sjuery dizze kear foar stie. Op de shortlist stiene in pear mânske monografyen en djipgravende ûndersiken, ûnder oare in trijetal dissertaasjes nei aspekten fan de skiednis fan Ljouwert. Mar de sjuery is unanym yn syn foardracht om de jonge en in protte-ûnthjittende histoarikus Tymen Peverelli de Wopke Eekhoffpriis 2020 ta te kennen.

De winner is ûnderwilens lykas wenst troch de wethâlder fan kultuer, Hein Kuiken, telefoanysk lokwinske. De Wopke Eekhoffpriis, neamd nei de earste stedsargivaris fan Nederlan, wurdt op in letter momint, wannear’t de koroanamaatregels it wer talitte, útrikt.

oktober 23, 2020 11:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.