Oprop #FeetviewNL leveret kreaze lânskipsfoto’s en trije winners op

oktober 4, 2020 08:53

Yn ’e simmer hawwe in protte minsken harren ‘fuottefoto’ fan harren favorite lânskip fia sosjale media dield ûnder #FeetviewNL. ‘Boeren van Nederland’ hie dy oprop dien om sa mei-inoar sjen te litten hoe moai oft Nederlân is.

Foto: Sandra Jantjes

Foto: Rianne Knook

De aksje smiet in rike rispinge oan kreaze fuottefoto’s en -fideo’s op. “De konklúzje: wat is Nederlân moai en ferrassend. Foar ús is it dêrmei in slagge aksje”, seit Jeanet Brandsma fan Boeren fan Nederlân. #FeetviewNL is in inisjatyf fan dy beweging, dy’t boer en mienskip mei-inoar yn ferbining bringe wol.

Fotokollaazjes
De fuotten en lânskippen wiene der yn allerhande soarten en mjitten. Guon fuotten wiene prominint yn byld en oaren just as ûnderdiel fan it lânskip. “Wy hawwe in protte moaie foto’s foarbykommen sjoen op it strân, yn ’e greiden en op boulân, natuer, oan ’e sleatskant, by skubadûken, sinneûndergongen, yn ’e rein, by de bisten en út de trekker wei. Op ús sosjale media-kanalen hawwe wy der prachtige en fariearre fotokollaazjes fan makke”, fertelt Jeanet Brandsma.

Der binne priiswinners yn ’e kategoryen de ludykste foto, de oansprekkendste foto en it moaiste oeuvre. Yn eltse kategory binne trije foto’s nominearre en fia sosjale media koe in stim útbrocht wurde.

Foto: Ingeborgvraagt

Utslaggen
De ludykste fuottefoto kriget in fraai teeglês yn ’e foarm fan in kowejaar, in ‘jaarglês’. Dy giet nei #Ingeborgvraagt fan Almeare mei ‘troupumps tusken de lavindel’.
De oansprekkendste foto is fan @Knook bio eieren foar ‘rôze Mmmeggies learzens tusken hinnen’. Rianne Kook fan Lelystêd kriget in knapsek mei ynhâld tastjoerd.
De oeuvrepriis giet nei @36sandjes mei in stikmannich tige kreaze útsjochfoto’s. Sandra Jantjes fan West Graftdijk kriget it boek Ode aan het Vee fan Karolien Hupkes en Brenda Beumer.

Mear foto’s binne werom te sjen op www.boerenvannederland.nl.

#FeetviewNL wurdt stipe troch TeamAgro NL, Agrifirm en LTO Noard.

oktober 4, 2020 08:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.