Omrop Fryslân stjoert opnij tsjerketsjinsten live út

oktober 8, 2020 08:52

Omrop Fryslân set kommende snein wer útein mei it live útstjoeren fan tsjerketsjinsten mei in oekumenysk karakter. Troch de maatregels fan it kabinet om it tal tsjerkegongers te beheinen ta maksimaal 30 en it sjongen te ferbieden, kinne in protte minsken net mear by de fieringen wêze.

Foto: Omrop Fryslân/Sian Wierda

By it útbrekken fan de coronakrisis waarden troch Omrop Fryslân yn gearwurking mei de PKN-gemeente fan Frjentsjer alle sneintemoarns ek al tsjerketsjinsten útstjoerd. Omrop Fryslân woe op dizze wize tsjerkegongers dy’t harren wyklikse tsjinsten misse moasten, dochs de mooglikheid jaan om live in fiering mei te meitsjen.

Goed besjoen
De tsjinsten waarden goed besjoen, alle wiken seagen der tsientûzenen minsken nei. Dêrby die bliken dat in tredde part fan de sjoggers fan bûten de provinsje kaam. By Omrop Fryslân mar ek by de PKN-gemeente fan Frjenstjer kamen tsientallen entûsjaste reaksjes binnen fan sjoggers dy’t bliid wiene mei dit alternatyf. Op snein 28 juny waard foarearst de lêste tsjinst útstjoerd, omdat de coronamaatregels doe ferromme waarden.

De ôfrûne moannen kamen der geregeldwei fersiken by de Omrop binnen om wer tsjerketsjinsten út te stjoeren. In protte sjoggers joegen oan dat se eins net nei tsjerke doarden. Yn oerlis mei de Fryske Rie fan Tsjerken en de Stifting Krúspunt hat de Omrop besletten om fan kommende snein ôf oant yn alle gefallen de ein fan dit jier wer live tsjerketsjinsten út te stjoeren.

Grutte Tsjerke yn Ljouwert
De earste tsjinst komt snein út de Grutte Tsjerke yn Ljouwert wei. Foargonger is dûmny Jan Jaap Stegeman. Gerwin Hoekstra bespilet it oargel en Geke Bruining-Visser sjongt mei in beheind tal betûfte sjongers.

De tsjinsten begjinne krekt as earder dit jier wer om 10.00 oere en wurde om 12.00 oere werhelle. Se binne te sjen fia in livestream op de webside fan Omrop Fryslân en ek op telefyzje. De tsjerketsjinsten út Frjentsjer wei binne werom te sjen fia Utstjoering Mist.

oktober 8, 2020 08:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.