Olphaert den Otter – ‘Ierde en Wrâld’

oktober 3, 2020 08:47

Fan 3 oktober 2020 o/m 31 jannewaris 2021 yn Museum Belvédère

Yn ’e útstalling Aarde en Wereld stiet de ferhâlding tusken minske, wrâld, natuer en ierde sintraal. Yn ûnderskate skilderijerigen ferbyldet Olphaert den Otter de gefolgen fan minsklik hanneljen op syn leefomjouwing. De monografyske útstalling omfettet likernôch twahûndert wurken.

Wurk fan Olphaert den Otter (boarne: Museum Belvédère)

Yn syn skildersloopbaan hat Olphaert den Otter (1955) syn fyzje op minske, wrâld en natuer yn ferskate skilderijerigen fêstlein. De útstalling ‘Ierde en Wrâld’ bringt dy byinoar yn in krêftich oersjoch dat foaral ynspilet op slimme gefolgen fan minsklik hanneljen op syn leefomjouwing. Sûnder dat de minske yn syn skilderijen figurearret, spilet er – as dieder en/of as slachtoffer – de haadrol yn lânskippen dêr’t rampen barre of bard binne. Yn in desennium dêr’t de diskusjes oer it klimaat – yn it bysûnder de minsklike ynfloed op klimaatferoaringen – op it alderskerpst yn fierd wurde, liket de urginsje fan Den Otters wurk allinnich mar tanommen te wêzen.

Wurk fan Olphaert den Otter (boarne: Museum Belvédère)

Sûnder hurde kommentaren lit de keunstner sjen, makket er fielber, lit er him ynspirearje troch de rike tradysjes fan skilderkeunst, filosofy en literatuer en leit er ferbiningen tusken eartiids, no en letter. Mei syn behearsking fan skildertechniken, syn gefoel foar komposysje en ensenearring, hâldt er it sjen spannend.

Nije katalogus
By de útstalling is in ryk yllustrearre katalogus ferskynd, op Bosatlas-formaat en foarsjoen fan in dûbelsidich printe poster. Alle eksposearre wurken binne deryn ôfbylde. De tekst waard skreaun troch keunsthistoarika en NRC-sjoernaliste Sandra Smets.

By de útstalling is in keunstreis organisearre. Normaalwei giet in bus nei oare musea, mar sjoen de hjoeddeiske omstannichheden hat it museum de wurkwize omdraaid. Oftewol: besikers wurde útnûge om by it museum te kommen foar in keunstreis yn eigen hûs.

Wurk fan Olphaert den Otter (boarne: Museum Belvédère)

Keunstreis yn eigen hûs
Moandei 16 novimber 2020, lêzing troch Olphaert den Otter

It arranzjemint wurdt op in moandei oanbean, mei’t it museum dan ticht is foar reguliere besikers. Sa kin garandearre wurde dat de groep net te grut wurdt. Oare feilichheidsmaatregels wurde ek yn acht nommen, lykas sitplakken op oardel meter ôfstân faninoar en in rinrûte yn it museum. Der wurdt frege om in mûlekapke te dragen.

Oanmelde foar de keunstreis.

Sjoch ek op: www.museumbelvedere.nl.

oktober 3, 2020 08:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.