Obe Postmapriis foar Jan Popkema

oktober 14, 2020 21:56

Jan Popkema (foto: Haye Bijlstra)

Jan Popkema fan Burgum kriget de Obe Postmapriis foar syn Fryske oersetting fan Das Parfum fan Patrick Süskind. It Frysktalige It parfum is yn 2018 by útjouwerij Regaad ferskynd.

Neffens de sjuery, dy’t bestiet út Cees van Mourik, Cilla Geurtsen en Rein Smilde, hat Popkema “in hiel rike oersetting” makke. Popkema kriget op 19 novimber syn priis, dy’t bestiet út in oarkonde en in dofke jild fan twatûzen euro. De priis wurdt útrikt troch deputearre Sietske Poepjes. Om ‘e koroana is de útrikking net iepenbier tagonklik. Wol wurdt er fia ynternet útstjoerd.

De Obe Postmapriis bestiet sûnt 1984. Hy wurdt om ‘e fjouwer jier útrikt foar in literêre oersetting út it Frysk wei of nei it Frysk ta.

Popkema is de auteur fan twa Nederlânsktalige grammatikaboeken fan it Frysk. Fierder hat er meiskreaun oan it Wurdboek fan de Fryske Taal en hat er foar de Afûk oan learmateriaal foar it Frysk meiwurke.

Ofbylding: Regaad

oktober 14, 2020 21:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.