Oardelmeterregeling foar frijetiidssektor útwreide

oktober 22, 2020 07:00 Fernijd

Mear ûndernimmers yn de Fryske rekreaasje- en toerismesektor kinne subsydzje oanfreegje út de provinsjale Oardelmeterregeling. Dêrfoar is de list mei de saneamde SBI-koaden útwreide. Se kinne ek faker in berop op de regeling dwaan en de iepenstelling is oant en mei 2 april 2021 ferlinge. Dat hawwe Deputearre Steaten op 20 oktober besletten. Undernimmers kinne it subsydzje oanfreegje by it Samenwerkingverband Noord-Nederland, fia www.snn.nl/anderhalvemeterregelingfrl.

“De landelijke maatregelen tegen het coronavirus hebben helaas opnieuw een grote impact op deze voor Fryslân zo belangrijke sector. De provincie kan dat niet oplossen. Wel hopen we met een aanpassing van de regeling voor zoveel mogelijk bedrijven iets te kunnen betekenen’’, seit deputearre Avine Fokkens-Kelder.

Oardelmeterregeling
De provinsje jout sûnt 13 july l.l. fia de ‘Subsidieregeling COVID-19 maatregelen VTE-sector Fryslân’ oant € 1500 subsydzje foar oanpassingen dy’t bedriuwen foar de oardelmeterekonomy realisearje moatte. Nei de iepenstelling kamen der sinjalen yn dat guon ûndernimmers yn dy sektor gjin oanfraach yntsjinje kinne omdat harren ûndernimming net ûnder de yn de regeling stelde SBI-koaden falt. In SBI-koade jout oan ûnder hokker aktiviteit in ûndernimming by de Kamer van Koophandel ynskreaun stiet. Der is dêrom tagelyk mei in algemiene evaluaasje fan it ferrinnen fan de regeling opnij nei de list mei SBI-koaden sjoen. Tenei komme bygelyks ek syl- en surfskoallen en stiftingen dy’t ekonomyske aktiviteiten yn dizze sektor útfiere, foar subsydzje yn oanmerking.

Undernimmers kinne de oanfraach maksimaal fyftich persint subsydzje krije fan de troch harren makke kosten foar de oanpassingen, mei in minimum bydrage fan € 1000 en in maksimum fan € 1500. It subsydzje wurdt ferdield op folchoarder fan datum fan ûntfangst fan de oanfraach. Der is noch goed € 800.000 beskikber.

oktober 22, 2020 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.