Oantal Frysk-readbûnte kij wint stadichoan

oktober 2, 2020 08:43

It oantal Frysk-readbûnte kij wint stadichoan. Wiene der by it stamboek yn 1997 noch mar 17 fan registrearre, yn 2014 wiene dat der goed 600 (mei in dip nei de fosfaatregeling yn 2015 nei goed 500) en yn augustus 2020 wie dat oantal oprûn nei 778. 

Foto: St. Roodbont Fries Vee

It seldsumste Nederlânske ras is de Frysk-readbûnte ko. Fan dat ras wiene der yn de santiger jierren fan de foarige iuw tûzenen. Troch it ynkrusen mei de Holstein Friesian (út Amearika) is it oantal Frysk-readbûnte kij slim ôftakke nei it absolute djiptepunt yn 1997. Doe wiene der noch mar 17 registrearre rassuvere bisten oer. Dat hat laat ta de oprjochting fan de Stichting tot behoud van het Fries Roodbonte Vee. Dy hat him ynset om de Frysk-readbûnte ko ûnder de oandacht te bringen. Dat is ûnder mear dien troch promoasje en publisiteit. Guon bedriuwen waarden lid fan it stamboek en mei DNA-analyze binne in oantal kij S-registrearre. Alle jierren wurdt in nije bolle ynset as KY-bolle. Dy wurde royaal brûkt. Sperma fan de Frysk-readbûnte bollen is ûnderwylst te krijen by ferskillende KY-ferieningen en dat makket it makliker om de bollen te brûken. Dêr is ek in tanimmende belangstelling foar út it bûtenlân wei; dat jout oan dat it in ras is dêr’t takomst yn sit. Der binne ek jonge boeren dy’t mei Frysk-readbûnte kij begûn binne. Dat is fansels geweldich!

De Frysk-readbûnte kij dogge it goed op bedriuwen dêr’t in soad of allinne mar gers fuorre wurdt, benammen as it bedongings- en it krêftfoernivo leech is; dan blike sokke kij tige effisjint te wêzen en yn sa’n bedriuwsfiering te passen. Se passe én op de boer én op harsels. Dêr kinne se maklik âld troch wurde. De boer hoecht dan minder jongfee te hâlden op it tal oanwêzige melkkij. Sa bliuwe der kokeallen oer foar de ferkeap oan oare feehâlders. It falt fierder op dat der hieltyd mear Frysk-readbûnte kij holden wurde op biologyske melkfeehâlderijen, soarchpleatsen en troch hobbyboeren. Dêr past dy robúste ko mei syn noflik karakter.

Kruse mei Frysk-readbûnt
Der is ek in sterke stiging fan 50% Frysk-reade keallen te sjen. Meastal in krusing fan in Frysk-reade bolle op Holsteinfee. It oantal krusingsbisten mei 50% Frysk-readbûnt is no op 358 S- en C-registrearre bisten útkommen. It liket in trend te wurden om Frysk-Hollânske en Frysk-reade bollen te brûken op Holsteinbedriuwen. In trend dy’t him foaral de lêste jierren foardocht en troch liket te setten.

Sjoch foar mear ynformaasje op: www.roodbontfriesvee.nl.

oktober 2, 2020 08:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.