Noch in kâns om ‘Somewhere in Europe’ oer te setten

oktober 17, 2020 12:23

Foto © Nanne Hoekstra

De ynstjoertermyn foar de oersetwedstriid fan tydskrift ‘De Nije’ is ferlinge. Op de oarspronklike slutingsdatum wienen der tsien oersettingen ynkaam fan it liet ‘Somewhere in Europe’, de Ierske bydrage oan it Eurofyzjesjongfestival yn 1990 dêr’t Liam Reilly doe de twadde priis mei wûn. De redaksje achte dat oantal lykwols noch te min foar in lietemiddei lykas dy ferline jier organisearre is (sjoch de foto en klik hjirre foar in filmferslach). Mei om’t sa’n evenemint om de koroana foarearst dochs net mooglik is, is de uterste ynstjoerdatum no ferskood nei 15 novimber. Oersettingen yn it Frysk, Biltsk, Stellingwerfsk of Nederlânsk moatte foar dy datum opstjoerd wurde nei redaksje.denije@gmail.com. Fierdere details fan de wedstriid stean yn de foarrige De Nije en ek wer yn de folgjende jefte, dy’t as tema Fryslân & Europa hat.

De Nije is yn de boekhannels fan Bruna en Primera en yn de supermerken fan Poiesz foar € 4,95 te krijen. In jierabonnemint kostet € 17,50. It opjefteformulier foar in abonnemint is hjirre te finen.

oktober 17, 2020 12:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.