Noardlik Filmfestival lûkt de provinsje yn

oktober 10, 2020 09:11

Fan 11 o/m 15 novimber fertoant it Noardlik Filmfestival in unyk programma op seis nije festivallokaasjes, ferspraat troch de provinsje Fryslân. Besikers hoege net mear allegear nei Ljouwert ôf te reizgjen, mar kinne aanst ek in part fan de festivalprogrammearring, mei in sterke fokus op Noard-Europa, sjen yn Drachten, It Hearreanfean, Snits en Frjentsjer. Fansels mei de oardel meter ôfstân en mei it maksimale tal besikers de seal dat fêststeld is troch de Feilichheidsregio.

Ferline wike moast de organisaasje ta de pynlike konklúzje komme dat it festival, mei it oplôgjen fan it firus en de nije maatregels, net trochgean kin sa’t de besikers wend binne, mei in brûzende sfear yn it Ljouwerter festivalhert Stedsskouboarch De Harmonie. De organisaasje stelt de feilichheid fan publyk en frijwilligers foarop en hat boppedat mei in krimpende begrutting te krijen. De Harmonie moat normaalwei folslein ynrjochte wurde mei ynhierde filmtechnyk, wat in te grutte kostepost is en in risiko mei de te ferwachtsjen en tastiene besikersoantallen op it stuit. Hoewol’t net útsletten wurde kin dat der yn de kommende wiken noch strangere maatregels fan krêft wurde, moatte der no karren makke wurde. It festival wol dêr syn trouwe publyk net by teloarstelle. It kiest dêrom foar maksimale wissichheid mei de kennis fan no.

Om dy reden is in alternatyf plan útrôle om it festival te fersprieden en bioskoopsealen te beheljen dy’t al profesjoneel ynrjochte binne foar filmfertoaningen. Entûsjaste meiwurking is fûn by De Koornbeurs yn Frjentsjer, De Lawei en De Bios yn Drachten, De Bios op It Hearrenfean, CineSnits en Pathé Ljouwert. Op eltse lokaasje wurdt, op hast alle festivaldagen, ien bioskoopseal folslein foar it festival yn gebrûk nommen. Lykas besikers wend binne, wurde der dizze edysje ek gewoan films fertoand yn de trije sealen fan filmteäter Slieker yn Ljouwert. De Harmonie, Neushoorn en De Westertsjerke wurde by it festival oanheakke foar in tal spesjale projekten en aktiviteiten. Foar minsken dy’t echt oan hûs bûn binne, stelt it festival dit jier in lytse seleksje films dy’t earder suksesfol op it festival draaid hawwe, beskikber fia in online platfoarm en yn gearwurking mei Omrop Fryslân wurdt in praatsjo en filmprogramma makke dat op de telefyzjestjoerder en webside útstjoerd wurdt.

Artistyk lieder en filmprogrammeur Fredau Buwalda ljochtet de ûntwikkelingen ta: “It unike filmprogramma en de festivalsfear binne absolút de wichtichste pylders fan ús festival, mar fan dy twa punten wurdt benammen ús filmprogramma, yn ’e enkêtes dy’t wy jierliks hâlde, troch goed 80% fan de besikers as alderwichtichst oanfinke om ús festival te besytsjen. Hoewo’t wy yn dizze tiid de gesellige sfear fan moetsjen en wiidweidich neisitten spitigernôch net fasilitearje kinne en dat moreel sjoen no ek net wolle, kinne wy wól dat unike filmprogramma leverje op in wize dêr’t wy efter steane: op grut doek, yn it tsjuster, mei profesjonele bioskooptechnyk dy’t in topbelibbing fan film garandearret. Wy sette op it stuit alles op alles om dát dochs noch te realisearjen en ús trouwe publyk te ferrassen yn in feilige omjouwing. Wy binne posityf ferrast en tankber foar de entûsjaste reaksjes fan de bioskopen en filmteaters en it bieden fan in helpende hân troch harren filmsealen iepen te stellen foar ús festival. Mei dy enerzjy bin ik wis dat wy der in moai evenemint fan meitsje sille, dêr’t filmleafhawwers fan in bysûnder programma genietsje kinne!”

Earder brocht it festival al nei bûten ta om in Drive-in-Cinema op it Wilhelminaplein te organisearjen. Oft dat trochgong fine kin, is sûnt de nije maatregels oant 19 oktober ynienen ûnwis. Hoewol’t de organisaasje oannaam dat it konsept ‘koroanafeilich’ wêze soe, mei’t besikers allinnich of tegearre yn in auto sitte, wurdt in drive-in spitigernôch dochs as in bûtenevenemint sjoen, mei op syn meast fjirtich tastiene besikers. Mei mar tweintich yn stee fan goed njoggentich auto’s, kin it finansjeel net út.

oktober 10, 2020 09:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.