Nije ympuls foar stêd Sleat

oktober 24, 2020 09:09

De stêd Sleat kriget meikoarten in ympuls op ferskate plakken yn it sintrum. In goede gearwurking – mei ynwenners fan en ferienings út de stêd – soarge foar in moai breed droegen plan foar de werynrjochting fan it Van der Walplein yn Sleat. Net allinnich dat plein wurdt opkreaze, it oarspronlike jaachpaad wurdt ek yn âlde steat werombrocht. Dêrneist komt der in passante-oanlissteger foar sloepen en lytse boatsjes en wurdt der in reinwetterrioel oanlein.

Sleat (foto: Wikipedia/Udo Ockema – CC BY 3.0)

Werynrjochting Van der Walplein
Yn 2018 krige Sleat de Ljipfontein yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân 2018 (LF2018). Yn oerlis mei ynwenners fan Sleat waard derfoar keazen om de fontein op it Van der Walplein te pleatsen. It hjoeddeiske plein docht spitigernôch ôfbrek oan de fontein. Troch de werynrjochting kriget de fontein aanst in plak dat by it keunstwurk heart.

Passante-oanlissteger foar lytse sloepen en boaten
De hege kaaien yn it sintrum soargje derfoar dat besikers yn ’e stêd net oan wâl komme kinne. Dêrom komt der in steger yn ’e swaaikom by de Rûnwei lâns. Dêr kinne rekreanten mei lytse sloepen en boaten oanlizze om in besite oan it sintrum te bringen. Yn it ferline wie dat ek it plak dêr’t de frachtskippen en skûtsjes oanleine. Dêrmei wurdt de histoarje werombrocht.

Jaachpaad kriget histoarysk karakter werom
Yn it ferline wie der in jaachpaad oan de Rûnwei. Dat waard brûkt om skippen foarút te lûken. De gemeente wol dat yn de oarspronlike steat werombringe. In part derfan leit by de te realisearjen passante-oanlissteger. Fan dy steger ôf kinne besikers fan Sleat fia it jaachpaad – en ûnder de Wâldseinerpoarte – de stêd berikke.

Fersterking kultuerhistoaryske wearde
Yn febrewaris 2020 stimde it kolleezje al yn mei it definitive ûntwerp foar de werynrjochting fan it Van der Walplein. Troch it kombinearjen fan ferskate plannen, kriget de stêd aanst ien grutte ympuls op ferskate plakken yn it sintrum. Dêrtroch wurdt de kultuerhistoaryske wearde fersterke mei in positive ekonomyske ympuls oan ’e regio en dêrmei ek oan de wurkgelegenheid yn Fryslân.

oktober 24, 2020 09:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.