Nije searje by Fryslân DOK oer de takomst fan it plattelân

oktober 22, 2020 08:46 Fernijd

Moat it plattelân him opnij útfine? Oeral yn ús maatskippij is ferlet fan nije perspektiven. Op it plattelân ek. It âlde ferhaal fan grutskaligens liket útwurke te wêzen en der moat in nij ferhaal komme. Mei de searje ‘Beklimmers fan it flakke lân’ jout Fryslân DOK alle moannen romte oan minsken en ideeën yn dy syktocht fan it plattelân.

Harry Feenstra (foto: Omrop Fryslân)

Oflevering 1: Perspektyf
Oeral yn Fryslân ûntsteane ideeën en inisjativen, fan enerzjykoöperaasjes oant pluktunen en technologyske ynnovaasjes. Tagelyk is der ek wjerstân tsjin fernijing, hielendal as dy fan bûtenôf oplein wurdt. As de libbensstyl ûnder druk set wurdt troch nije regels of troch bewegings dy’t tradysjes de maat nimme, giet it plattelân foarop yn it ferset.

Yn de fernijing fan it plattelân is it dus saak om in goed perspektyf te kiezen. Wêr moatte de plannen wei komme, wat is de rol fan de bewenners sels, mei hokker mentaliteit? Filosoof Hans Peter Benschop tinkt dat der in grut misbegryp is tusken plattelanners oan de iene kant en wittenskippers en bestjoerders oan de oare kant. Benschop tinkt dat in oare opstelling nei it plattelân ta folle fruchtberder wêze kin.

Hans Peter Benschop (foto: Omrop Fryslân)

Op it Fries Sociaal Planburo (FSP) binne se bekend mei ‘de Friese paradox’: yn Fryslân leit it wolfeartsnivo leger as gemiddeld yn ús lân, mar it geloksnivo leit heger. Fan dy gedachte út wurket Marijn Molema fan it FSP oan it begryp ‘brede welvaart’. Yn Fryslân soene we better wurde moatte yn it beneamen fan ús eigen kwaliteiten en dy fierder ûntwikkelje.

Dat is presys wat se dogge yn Blije. Ynwenners lizze har net del by de kwalifikaasje ‘krimpdoarp’, mar wurkje mei ynmoed oan in sa goed mooglik libben yn it doarp. Ien fan de inisjativen is ‘de terp fan de takomst’, dêr’t Blije it fizier mei rjochtet op it Waad en de rike kultuerhistoarje.

Fryslân DOK: ‘Beklimmers fan it flakke lân, diel 1: Perspektyf’
Sneon 24 oktober, 15.30 oere, NPO2 (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 25 oktober 13.10 oere)
Snein 25 oktober, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

oktober 22, 2020 08:46 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.